Yrrigaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee
L red hiele side + oanf
Rigel 1:
[[File:DripirrigationPeanuts irrigation.pngjpg|thumb|Foto dy't sjen lit hoe't yrrigaasjeright|250px|Yrrigaasje (dripyn yrrigaasje)súdlik wurket[[Yndia]].]]
'''Yrrigaasje''' of '''bewettering''' is it mei fêste tuskenskoften tafoegjen fan in beskate hoemannichte [[wetter]] oan [[lânbou]]gewaaksen as der in tekoart oan [[delslach]] bestiet. Dêrmei kin it bedriuwen fan [[lânbou]] mooglik makke wurde op plakken dy't dêr oars te [[drûchte|drûch]] foar wêze soene, of kin it [[gewier]] (de opbringst) fan lânbou ferbettere wurde op plakken dy't mei te krappe delslach kampe. Lânbou dy't foar bewettering inkeld stipet op direkte delslach, wurdt [[drûge lânbou]] neamd; dat is it tsjinstelde fan yrrigaasjelânbou. Yrrigaasje wurdt gauris keppele oan [[drainaazje]], dat de ôffier op natuerlike of keunstmjittige wize is fan oerskotten oan [[oerflaktewetter]] of [[grûnwetter]].
 
Bûten de lânbou om wurdt yrrigaasje ek wol brûkt foar it behâld fan [[lânskip]]pen (bgl. [[tún|tunen]]) yn tiden fan drûchte of foar de [[refegetaasje]] fan fersteurde [[grûn]] yn drûge gebieten. Dêropta kin yrrigaasje ek ynset wurde foar oare doelen as eigentlike bewettering, lykas it beskermjen fan [[plant]]en tsjin [[froast]] en it tsjingean fan [[setting (proses)|setting]] (wêrby't de grûn ûnder ynfloed fan belêsting gearparse wurdt, wat de groei fan fegetaasje behinderet). Fierders wurde yrrigaasjesystemen ek tapast foar it tsjinkearen fan opwynderjen fan [[moude]], it ôffieren fan ôffal fia [[rioel]]en en yn 'e [[mynbou]].
Yrrigaasje is te foegjen mei help fan ferskate technyske middels fan wetter oan gewaaksen by in tekoart oan [[delslach]]. Dat kinne de tylt fan gewaaksen mei bettere opbringst wurdt mooglik makke. Der binne ferskate metoaden fan yrrigaasje, guon dêrfan binne [[Wylde yrrigaasje|wylde yrrigaasje]], [[Floed-flakte yrrigaasje|floed-flakte yrrigaasje]],
[[File:Dripirrigation.png|thumb|left|300px|Skematyske werjefte fan dripyrrigaasje.]]
[[drip yrrigaasje]] en flat-yrrigaasje de meest foarkommende metoades. Yrrigaasje wurdt ek mooglik makke troch in lokaasje fan in fjild neist in [[mar]], [[rivier]] of oare wetter oerflak.
 
Histoarysk wie yrrigaasje tige wichtich foar in grut ferskaat oan [[minske|minsklike]] [[kultuer]]en. It waard al yn it [[sechsde milennium f.Kr.]] yn it [[Midden-Easten]] bedreaun, en giet teminsten tebek oant it [[fjirde milennium f.Kr.]] op it [[Yndiaaske subkontinint]] en yn 'e [[Súd-Amearika|Súdamerikaanske]] [[Andes]], it [[trêde milennium f.Kr.]] yn [[Egypte]] en it [[twadde milennium f.Kr.]] yn [[Afrika]] besuden de [[Sahara]].
 
Der besteane ferskate foarmen fan yrrigaasje. Ien fan 'e âldsten is om yn 'e [[alluviale flakte]] fan ien of mear [[rivier]]en in stelsel fan lytse [[yrrigaasjekanaal]]tsjes te graven dy't troch de rivieren oanhâldend fan nij wetter fersjoen wurde. Troch de wâlen fan sokke kanaaltsjes no en dan troch te brekken, kin it omlizzende lân bewettere wurde. In oare foarm is [[terrasyrrigaasje]], wêrby't it wetter op [[berch]]- of [[heuvel]]skeanten efter de diken fan [[terras (lânbou)|terrassen]] fêstholden wurdt. In soartgelikens systeem wurdt brûkt by [[floedflakte-yrrigaasje]], wêrby't it wetter fan in bûten syn oeren trêdzjende rivier as it sakket efter de diken fan [[ikker]]s fêstholden wurdt. By [[dripyrrigaasje]] wurdt it wetter troch in stelsel fan [[buis|buizen]] boppe- of ûndergrûnsk ompompt en troch iepenings yn 'e buizen op of ûnder de grûn dript. Noch wer in oare metoade is troch [[sprinklerynstallaasje]]s te brûken, wêrby't de gewaaksen fan boppenôf bespuite wurde.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Irrigation ''References'', op dizze side].
----
{{commonscat|Irrigation}}
}}
 
{{DEFAULTSORT:Irrigaasje}}
[[Kategory:Yrrigaasje| ]]
[[Kategory:Lânbou]]
[[Kategory:Wetterbehear]]