De Twa Tuorren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Boek III: redaksje
L [[]]
Rigel 1:
{{Literatuer
| ôfbylding = Westra - De Twa Tuorren.jpg
| ôfbyldingstekst = ([[Omslach]]ûntwerp troch R.P. Peters te [[Waaksens (Littenseradiel)|Waaksens]] <br>op basis fan [[foto]]keunst troch [[Maartje Roos]].)
| ôfbyldingsbreedte = 200px
| titel = ''De Twa Tuorren''
Rigel 43:
{{Plotbedjer}}
Dy oarken, dy't yn 'e tsjinst steane fan 'e ta it kwea ferlate tsjoender Saruman, witte de râne fan it wylde wâld fan Fangorn te berikken, mar krekt foar't se ûntkomme kinne, wurde se dêr omsingele en ferdylge troch in ôfdieling ruters fan Rohan. Yn 'e gaos fan it gefjocht witte Merten en Pepyn yn harren elvemantels, dy't it each ferrifelje, nei it wâld ta fuort te glûpen. Dêr moetsje se de [[int (mytysk wêzen)|int]] Beamburd, in beammige reus mei wa't se befreone reitsje. Se fertelle him wat harren oerkommen is en dat ferhaal blykt krekt de drip te wêzen dêr't de amer fan oerrint. De oarken fan Saruman kapje der nammentlik yn it lêstoan mar yn it wylde wei yn om yn Fangorn, ta grutte grime fan 'e inten. Mar mei it nijs dat Merten en Pepyn him bringt, beslút Beamburd dat it no einlings en te'n lêsten tiid wurdt om Saruman tsjin te hâlden; hy ropt in gearkomste fan inten byinoar en oertsjûget de oaren fan syn gelyk. Mei Merten en Pepyn by harren sette de inten ôf nei Saruman syn bolwurk te Isengard.
[[File:Westra - De Twa Tuorren (hiele stofomslach sûnder tekst).jpg|right|510px|thumb|De hiele [[omslach]] fan 'e [[Frysk]]e [[oersetting]], in ôfbyld makke troch [[fotografe]] [[Maartje Roos]].]]
 
Aragorn, Legolas en Gimli treffe ûnderwilens de Rohirrim dy't de oarken ferdylge hawwe, en dy't oanfierd wurde troch Éomer, de omkesizzer fan 'e Rohander kening Théoden. Dy fertelt harren dat hy en syn mannen taal noch teken fan 'e beide hobbits sjoen hawwe, mar oan 'e râne fan Fangorn wit Aragorn hobbitprinten te ûntdekken, dy't it wâld yn liede. Hy en syn beide maten folgje dat spoar en moetsje dan in âldman wêrfan't se earst miene dat it Saruman is, mar dy't letter Gandalf blykt te wêzen. De tsjoender Gandalf wie de liedsman fan harren selskip, dy't yn 'e Minen fan Moarje by in gefjocht mei in demoanyske balroch yn in djippe kleau fallen is en dy't se sadwaande dea waand hiene. Mar Gandalf fertelt harren no dat er ynstee troch fjoer en wetter en hichte en djipte gien is om lottere en grutter as tefoaren wer foar 't ljocht te kommen.
Rigel 50:
 
As se dêr oankomme, ûndekke se dat dat ûnnimber achte bolwurk fan Saruman al ynnommen is troch de inten, dy't it ûnderrinne litten hawwe troch in daam yn 'e rivier de Isen troch te stekken, en koarte metten makke hawwe mei it oarkegarnizoen dat Saruman efter de hân holden hie. Saruman is no in finzene yn Orthanc, syn eigen toer, dêr't ek Gríma Wjirmtonge beskûl socht hat. Aragorn-en-dy wurde te Isengard weriene mei Merten en Pepyn. Gandalf biedt Saruman noch de kâns om berou te toanen en fan syn wegen werom te kearen, mar Saruman stegeret him heechkroppich ôf en wurdt sadwaande út 'e Oarder fan 'e Tsjoenders en de Wite Rie setten. Gríma smyt in swier ding út it finster, mar mist Gandalf; it ding wurdt oppakt troch Pepyn en blykt ien fan 'e seldsume ''palantíri'' of "sjochstiennen" te wêzen. No't er it ding ienris beetkrigen hat, kin Pepyn de rop derfan net wjerstean. Hy sjocht deryn en wurdt dan ûnderfrege troch Sauron, mar wit dy besiking ûnskansearre te oerlibjen. Om in eachje op him te hâlden nimt Gandalf him dêrnei mei as er ôfset nei Minas Tirith, de haadstêd fan Gondor, om dêr tariedings te meitsjen foar de grutte oarloch tsjin Mordor dy't op kommendeweis is. Aragorn, Legolas, Gimli en Merten bliuwe efter yn Rohan, dêr't kening Théoden de meunstering fan syn leger begjint by wize fan risselwaasje om Gondor te help te kommen.
[[File:Liuwe Westra op 'e Tsjommer toer (foto Maartje Roos).jpg|left|200px|thumb|[[Oersetter]] [[Liuwe Westra]] op 'e [[tsjerke]][[toer]] fan syn berteplak [[Tsjom]]. <br><small>(Foto: [[Maartje Roos]])</small>]]
 
===Boek IV===
Rigel 61:
 
==Fryske oersetting==
De [[Frysk]]e [[oersetting]] fan ''The Two Towers'' (ûnder de titel fan ''De Twa Tuorren'') kaam yn it neijier fan fan [[2016]] út. De hiele oplaach waard op [[ambacht]]like wize ynbûn troch [[boekbiner]]ij Fopma te [[Wier]]. It [[omslach|stofomslach]] waard ûntwurpen troch R.P. Peters te [[Waaksens (Littenseradiel)|Waaksens]] op basis fan [[foto]]keunst troch [[Maartje Roos]] fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. De fertaling sels waard, krekt sa't dat by ''[[It Selskip fan 'e Ring]]'', it earste diel fan ''[[Master fan Alle Ringen]]'', it gefal wie, fersoarge troch dû. [[Liuwe H. Westra]], yn it deistich libben wurksum as [[predikant]] en [[universiteit|universitêr meiwurker]]. De útjefte stie oarspronklik plend foar it neijier fan [[2013]], mar tsjinslaggen by it fertaalwurk kearden it tsjin oant nei de jierwiksel, en in skeel mei de [[útjouwer]] soarge fanôf begjin [[2014]] foar noch mear opûnthâld. Yn [[2016]] besleat Westra ''De Twa Tuorren'' yn [[eigen behear]] út te jaan fia de troch him oprjochte [[Stifting Fryske Tolkien]],<ref>[http://www.frysketolkien.nl Offisjele webside fan 'e Stifting Fryske Tolkien]</ref> wat er finansierde mei in [[crowdfunding]]saksje.<ref>[https://www.voordekunst.nl/projecten/4834-tolkien-lotr-ii-yn-it-moaiste-frysk-1 Liuwe Westra presintearret syn crowdfundingsaksje foar ''De Twa Tuorren'' op Voordekunst.nl]</ref> Ta promoasje begûn er dêrnjonken in eigen [[YouTube|YouTube-kanaal]], dêr't û.m. [[deputearre]] [[Sietske Poepjes]] en [[akteur]] [[Freark Smink]] stikken út it boek foarliezen.<ref>[https://www.youtube.com/channel/UCd2sSDO3dwB9JmNwPDylPTw Liuwe Westra syn eigen YouTube-kanaal]</ref> De eigentlike presintaasje fan ''De Twa Tuorren'' waard op [[11 novimber]] [[2016]] yn Westra syn wenplak [[Lollum]] holden.<ref>{{Aut|Vries, Sietse de}}, ''Hobbits, elfen en crowdfunding'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 21 oktober 2016.</ref>
 
{{boarnen|boarnefernijing=