Yrrigaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L +etymology
L refer
 
Rigel 1:
[[File:Peanuts irrigation.jpg|thumb|right|250px|Yrrigaasje yn súdlik [[Yndia]].]]
'''Yrrigaasje''' (fan it [[Latyn]]ske ''irrigatio'' fia it [[Midfrânsk]]e ''irrigation'')<ref>[https://en.wiktionary.org/wiki/irrigation It wurd 'yrrigaasje' op Wictionary]</ref> of '''bewettering''' is it mei fêste tuskenskoften tafoegjen fan in beskate hoemannichte [[wetter]] oan [[lânbou]]gewaaksen as der in tekoart oan [[delslach]] bestiet. Dêrmei kin it bedriuwen fan [[lânbou]] mooglik makke wurde op plakken dy't dêr oars te [[drûchte|drûch]] foar wêze soene, of kin it [[gewier]] (de opbringst) fan lânbou ferbettere wurde op plakken dy't mei te krappe delslach kampe. Lânbou dy't foar bewettering inkeld stipet op direkte delslach, wurdt [[drûge lânbou]] neamd; dat is it tsjinstelde fan yrrigaasjelânbou. Yrrigaasje wurdt gauris keppele oan [[drainaazje]], dat de ôffier op natuerlike of keunstmjittige wize is fan oerskotten oan [[oerflaktewetter]] of [[grûnwetter]].
 
Bûten de lânbou om wurdt yrrigaasje ek wol brûkt foar it behâld fan [[lânskip]]pen (bgl. [[tún|tunen]]) yn tiden fan drûchte of foar de [[refegetaasje]] fan fersteurde [[grûn]] yn drûge gebieten. Dêropta kin yrrigaasje ek ynset wurde foar oare doelen as eigentlike bewettering, lykas it beskermjen fan [[plant]]en tsjin [[froast]] en it tsjingean fan [[setting (proses)|setting]] (wêrby't de grûn ûnder ynfloed fan belêsting gearparse wurdt, wat de groei fan fegetaasje behinderet). Fierders wurde yrrigaasjesystemen ek tapast foar it tsjinkearen fan opwynderjen fan [[moude]], it ôffieren fan ôffal fia [[rioel]]en en yn 'e [[mynbou]].
Rigel 10:
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
----
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Irrigation ''References'', op dizze side].
----