Nikki Benz: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Rigel 23:
Njonken har aktearwurk posearret Nikki Benz ek foar [[neakenblêd]]en. Sa hat se yn 'e ''[[Penthouse]]'', ''[[High Society]]'', ''[[Fox (tydskrift)|Fox]]'', ''[[OUI]]'', ''[[Chéri (tydskrift)|Chéri]]'', ''[[Hustler]]'', ''[[Club (tydskrift)|Club]]'' en ''[[Club International]]'' stien. Se wie de ''covergirl'' fan 'e ''Penthouse'' yn maaie [[2008]], de ''[[Penthouse Pet]]'' fan 'e moanne yn april [[2010]], en boppedat de ''Penthouse Pet'' fan it Jier yn [[2011]]. Fierdersoan presintearre se in hoartsje in tillefyzjeshow op it kabelkanaal ''KSEX'', mei as titel ''Contract Superstars'', yn 'e mande mei [[Lacey Heart]], [[Ashley Steele]], [[Stormy Daniels]] en [[Tyler Faith]], mar hold dêrmei op om't se der nei eigen sizzen gjin tiid mear foar hie. Yn 'e mande mei [[Lisa Ann]] en [[Sean Michaels]] presintearre Nikki Benz yn april 2010 ek de útrikking fan 'e [[XRCO|XRCO Awards]].
 
Nikki Benz hat ûnderskate kaméoroltsjes hân yn ''mainstream''-útstjoerings en -publikaasjes (soks neamt men yn 'e pornoyndustry in ''[[crossover (pornografy)|crossover]]''). Sa spile se in pear kear in sarkastyske grappen meitsjende [[skjinmakster]] yn it programma ''Cubed'', op FoxSports.com. Ek hie se in lyts roltsje yn it filmdrama ''My Trip Back to the Dark Side'', fan ''[[Emmy Award]]''-winner en [[regisseur]] [[Shane Stanley]], út [[2013]]. Hja wie ek te sjen yn 'e [[fideoklip]] fan it nûmer ''Lose Yourself'', dat de titelsong fan ''My Trip Back to the Dark Side'' is. En ta ein beslút komt se wiidweidich yn byld yn it [[fideospultsje]] ''Saints Row - The Third - The Penthouse Pack'', dat útbrocht is troch ''Volition''.
 
Ein maaie [[2014]] stelde Benz har kandidaat foar it boargemasterskip fan 'e [[Kanada|Kanadeeske]] metropoal [[Toronto]], wêrfoar't yn oktober ferkiezings holden wurde sille, as alternatyf foar de flokkende en mâltjirgjende, [[alkoholisme|komasûpende]] en [[crack]]smokende sittende boargemaster [[Rob Ford]].