Luchtbân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 1:
[[File:Car tires.jpg|right|thumb|200px|Opsteapele autobannen.]]
In '''luchtbân''' is in opblaasber ringfoarmich ûnderdiel fan in modern [[tsjil]] dat oer de [[felch]] hinne oanbrocht wurdt. It is in holle bân fan [[rubber]], dy't (faak fia in [[fentyl]]) opfolle wurdt mei [[lucht]]. Sokke bannen wurde brûkt foar [[auto's]], [[frachtwein]]en, [[autobus]]sen, [[motorfyts]]en, [[bromfyts]]en, [[fyts]]en, [[trekker (lânbou)|trekkers]] en oare [[lânbou]]wurktugen, [[kraan (masine)|kranen]], [[shovel]]s en oar swier materieel, [[fleanmasine]]s, [[oanhingwein]]en, [[caravan]]s, [[kroade]]n, [[rolstoel|rolstuollen]] en withoefolle oare tapassings. De luchtbân waard yn [[1841]] útfûn troch de [[Skotlân|Skot]] [[Robert William Thomson]], dy't syn [[patint]] lykwols yn [[1888]] ferrinne liet, wêrnei't syn lângenoat [[John Dunlop]] dermei oan 'e haal gie. Ear't der rubberen bannen ûntwikkele wiene, besloech men [[hout]]en tsjillen simpelwei mei in bân fan [[izer]] om skansearjen en slitaazje tsjin te gean.
 
De materialen dy't brûkt wurde foar de makkelei fan luchtbannen binne [[syntetysk rubber]], [[rubber|natuerlik rubber]], [[weevjen|weve stof]], [[tried]], [[swartsel]] (ek wol bekend as ''carbon black'') en oare [[gemy]]ske produkten. Yn 'e bûtenkant fan 'e bân is yn it rubber hast altyd in [[profyl (bân)|profyl]] oanbrocht, dat soarget foar [[traksje|ôfsettingskrêft]] tusken de bân en it [[weidek]], en dêr't [[wetter]] op 'e [[ferhurde wei|wei]] troch ôffierd wurde kin, sadat [[aquaplaning]] foarkomd wurde kin. Teffens soarget de lucht yn 'e bannen foar in beskaat skokabsorbearjend fermogen.