Ynferno (roman): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 50:
 
==Fryske oersetting==
De konneksje tusken [[skriuwer]] [[Dan Brown]] en [[Fryslân]] is flintertin, en berêst inkeld op syn foarleafde foar it [[Frysk hynder|Fryske hynder]], dy't yn in hiel koart fragmint yn ''Inferno'' ta utering komt. Yn it foarjier fan [[2013]] kundige Brown op 'e [[Nederlân]]ske [[tillefyzje]], yn it programma ''Netwerk'', oan dat er noadich ris yn Nederlân sjen moast. Uteinlik waard dy winsk wurklikheid troch in e-mail dy't Brown stjoerde oan [[Ids Hellinga]], de direkteur stamboeksaken fan it [[Frysk Hynste Stamboek]], wêryn't er syn wurdearring útspriek foar de ynset fan 'e organisaasje foar it behâld fan it Fryske hynder. Hellinga mailde him dêrop werom mei in útnûging om 'e jierlikse [[hynstekeuring]] ris in kear by te wenjen. Sadwaande kaam Brown mids jannewaris [[2014]] oer út Amearika. Earst besocht er yn [[Amsterdam]] û.m. it [[Ryksmuseum Amsterdam|Ryksmuseum]], dêr't er nei slutingstiid in priveerûnlieding krige en tweintich minuten lang sûnder steurd te wurden nei de ''[[Nachtwacht]]'' fan [[Rembrandt]] stoarje koe. Yn [[Fryslân]] wenne er de hynstekeuring fan it Frysk Hynste Stamboek by, en teffens died er in synjearsesje by Boekhannel Van der Velde, oan 'e [[Ljouwert]]er [[Nijstêd]]. Goed hûndert fans dy't faak fan witwêrsanne kamen, hiene har dêr foartiid foar opjûn, en brochten gauris ek noch in aardichheidsje foar harren idoal mei.
[[File:Abe de Vries troch Jan Kalma 63.jpg|left|thumb|200px|[[Oersetter]] [[Abe de Vries (skriuwer)|Abe de Vries]].]]