Night Broken: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L [[]]
Rigel 31:
Koart nei Christy har oankomst yn 'e Tri-Cities, krije Mercy-en-dy berjocht dat Christy har appartemintekompleks yn har wenplak [[Eugene (Oregon)|Eugene]] ôfbaarnd is. It blykt oanstutsen te wêzen, en de fertinking falt op 'e nij op Juan Flores. Adam set ien fan 'e wolven fan 'e troep, Warren Smith, dy't as [[privee-detektive]] wurket, op 'e saak om út te sykjen wa't Flores is en wêr't er weikomt. Dat falt lykwols net ta, want der blykt nochal ris in Juan Flores te wêzen. As Christy fertelt dat de man altyd mei twa grutte dûnkere [[hûn]]en omrûn, giet Mercy by Lucia, de [[oarehelte|frou]] fan har freon Joel Arocha, te rie, dy't hûnen fokt. Sa komme se derefter dat it om eksimplaren fan it [[list fan hûnerassen|ras]] [[perro de presa Canario]] giet, in frij seldsum hûneras, ôfkomstich fan 'e [[Kanaryske Eilannen]].
 
Yn 'e tuskentiid hat Mercy ek út alle macht besocht en kom yn kontakt mei Koyote, mar mei him is it sa dat er nearne te bekennen is krekt as men it measte ferlet fan him hat. Fia-fia kriget Mercy de wink om ris kontakt op te nimmen mei in Gary Laughingdog, in [[Yndianen|Yndiaan]] dy't yn [[Connell (Washington)|Connell]], net fier fan 'e Tri-Cities, in [[selstraf]] útsit yn it [[Coyote Ridge Corrections Center]], in federale [[finzenis]]. Dat soe krekt as sysels in [[stalferwikseling|stalferwikselder]] wêze dy't de foarm fan 'e prêrjewolf oannimme kin. As se him yn it tichthûs besiket, kin Gary har lykwols net helpe, om't er sels altyd alle war docht om Koyote sa fier mooglik út syn buert te hâlden. Behalven in stalferwikselder is Gary ek in [[sjenner]], en oan 'e ein fan syn petear mei Mercy kriget er in [[fizioen]] dat him [[bewusteleazens|bewusteleas]] efterlit. Koarte tiid letter heart Mercy dat Gary Laughingdog útbrutsen is út it tichthûs en op frije fuotten is. As har freon Tony Montenegro, dy't [[plysje]]resjersjeur yn [[Kennewick (Washington)|Kennewick]] is, by har komt, ferwachtet se dat er har oer Gary befreegje wol, mar hy blykt har help nedich te wêzen by it oplossen fan in [[moard]]saak. Der binne trije [[frou]]lju, in pear [[hûn]]en en in pear [[hynder]]s ôfslachte yn in [[fjild]] bûten de [[stêd]]. Mercy wit net hokfoar sike geast oft dêrfoar ferwantwurdlik is, en se kin de plysje dan ek allinnich fertelle dat it yn elts gefal gjin wearwolven of ierdgeasten wiene.
 
In dei letter is Mercy nei slutingstiid allinnich yn har [[garaazje (bedriuw)|garaazje]] oan it wurk, as dêr in man opdûkt dy't oan it synjalemint fan Juan Flores foldocht. Hy hat ien grutte hûn by him en brûkt in [[brekizer]] om yn 'e garaazje binnen te kringen. Mercy hâldt syn meneuvels fia in [[kamera|befeiligingskamera]] yn 'e rekken, skillet Adam om him fan 'e sitewaasje op 'e hichte te stellen, en hellet har [[pistoal]] foar 't ljocht. As se him konfrontearret nei't er deryn kommen is, docht út syn praat wol bliken dat er geastlik net alhiel ynoarder is. Mercy makket him dúdlik dat er it wol ûnder de skuonsoallen skriuwe kin dat er Christy noch ea weromkrije sil. Mar behalven dat er Christy weromhawwe wol, siket Flores ek [[wraak]] op Adam om't dy him Christy ôfnommen hat. Dêrta stjoert er syn hûn op Mercy ôf, mar dy sjit it bist dea. As Flores dan noch net omlyk wol en har tenei komt, sjit se har pistoal op him leech, mar nettsjinsteande dat er sawol yn 'e [[holle]] as yn it [[hert]] rekke wurdt, hâldt dat him net tsjin. Hy ferliest syn minsklike uterlik en feroaret yn in grutte hûn dy't fierhinne út [[lava]] liket te bestean. Mercy giet him mei ferskate stikken ark te liif, mar is oan 'e ferliezende hân as Adam en Tad, in healbloed-ierdgeast dy't yn har garaazje wurket, arrivearje en 'Juan Flores' tegearre op 'e flecht driuwe.
Rigel 43:
Guayota siet ek efter de moard op 'e froulju en bisten yn it fjild bûten Kennewick, en Koyote fertelt Mercy dat er no trochgean sil mei moardzjen, om't er net alhiel mear goed by de holle is, in krupsje dy't te krijen hat mei de ûnbidige âlderdom fan 'e fulkaangod. It is dúdlik dat er tsjinholden wurde moat, en dy taak nimme Adam en syn wearwolven op har, om't de plysje foar soksoarte tsjinstanners gewoan net tarist is. As Beauclaire om 'e gongelstôk komt, kin Mercy dy lokkigernôch oerlangje, en hja freget him dan oft hy ek helpe kin, mar hy warskôget har dat dat har sa djip by him yn 'e skuld bringe soe, dat se der nea wer útkomme koe. Ariana, in ierdgeast dy't in relaasje hat mei Mercy har [[pleechbroer]] Samuel Cornick, is in stik behelpsumer, en hja wit mei [[magy]] in stikmannich fan 'e wearwolven tsjin [[fjoer]] bestân te meitsjen. Mercy har freon Stefan, in [[fampier]], wit foar har efter it adres te kommen dêr't Guayota ferbliuwt. Underwilens hat Gary Laughingdog in nij fizioen krigen wêryn't er seach dat Adam-en-dy allegear stjerre soene as hy net mei harren gie, dat Adam set mei Gary, Samuel en fiif fan syn wolven ôf om te besykjen en weef mei Guayota ôf. Mercy giet net mei, want hja hat yn gefjochtssitewaasjes mar amper méár krêften as gewoane minsken, en de lêste kear dat der in meunster befochten wurde moast, rekke se swier ferwûne en moast se neitiid wikenlang opbetterje (sjoch: ''[[River Marked]]'').
 
Sadwaande bliuwt Mercy mei Adam syn tinerdochter Jesse, Lucia Arocha en Christy efter, ûnder beskerming fan Darryl Zao en dy syn frou Auriele, twa fan Adam syn wolven. Stefan hâldt har selskip as se yn 'e fierte it lûd fan 'e [[hierauto]] werom ken dy't Guayota riidt. Mercy lit Jesse, Lucia en Christy troch Stefan yn feilichheid bringe, en giet sels mei Darryl en Auriele de striid oan tsjin Guayota en syn ''tibicena's''. Mercy wurdt lykwols al rillegau útskeakele troch in slach op har holle, en glidet hinne en wer tusken [[bewustwêzen]] en [[bewusteleazens]]. Under ien fan har riten fan bewusteleazens fertelt Koyote (dy't gjin inkele muoite hat om har [[dream]]en binnen te kringen) har dat se har [[nekke]] brutsen hat en op stjerren leit. As se wer bykomt, sjocht se dat de ''tibicena'' dêr't Joel yn finzen sit, oer har hinne stiet. De mystike bannen dy't him bine, ferskille net sa'n soad fan 'e mystike bannen tusken de leden fan in wearwolvetroep, en mei it gesacht dat Mercy as partner fan 'e alfa hat, nimt se Joel op yn 'e troep, wêrby't de bannen fan 'e wearwolveridel syn bannen mei Guayota ferfange.
 
Fan gefolgen rekket Guayota de behearsking oer de iene helte fan syn lichem kwyt, krektlyk as hied er [[oerhaal]] hân. Tsjin dy tiid arrivearret Gary Laughingdog mei Adam, Warren en Honey, trije fan 'e meast dominante wearwolven, dy't de striid mei Guayota oangeane. Mar it is Joel, dy't de oare ''tibicena'' deamakket en dêrmei de fulkaangod de genedeklap jout. Fan it iene op it oare stuit swynt Guayota alhiel wei. Koyote fertelt Mercy, dy't wer bewusteleas rekket, dat Guayota net dea is, want goaden binne ûnstjerlik. Mar sûnder allebeide ''tibicena's'' is er weromstjoerd nei de Teide, en sil er ferskate jierren brek wêze om dizze klap te boppe te kommen. Tsjin dy tiid sil er, yn syn betize tastân, dit foarfal nei alle gedachten al lang wer fergetten wêze. Koyote riedt Mercy wol oan om foarearst de Kanaryske Eilannen mar te mijen.