Tasitus (skriuwer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
→‎Libben: stav.
Rigel 27:
Der is net in protte bekend oer Tasitus syn libben. Wierskynlik waard er yn it jier [[56]] of [[57]] berne yn in [[adel|aadlike]] famylje út 'e [[Romeinske Ryk|Romeinske]] provinsje [[Gallia Narbonensis]] (yn [[Fréjus]] of [[Vaison-la-Romaine]]) of út 'e provinsje [[Gallia Cisalpina]] (yn [[Padua]]). As jongeman studearre er [[retoarika]] te [[Rome (stêd)|Rome]]. Yn [[77]] of [[78]] troude er mei [[Julia Agrikola]], de dochter fan 'e ferneamde legeroerste [[Julius Agrikola]]. Dyselde waard yn [[84]] troch keizer [[Domitianus]] weromroppen út [[Britanje]], ferdwûn doe nei de eftergrûn en stoar yn augustus [[93]] min ofte mear fergetten. Syn testamint pakte net goed út foar Tasitus syn frou, want njonken har mem naam ek de ''[[princeps]]'' (keizer) begearich syn diel – hoewol't dy earder noch ferkundige hie gjin beërf oannimme te sillen fan immen mei bern.
 
Underwilens wie Tasitus úteinset mei in glânsrike politike karriêre. In pear jier nei syn houlik wied er ûnder keizer [[Fespasianus]] wierskynlik al lid fan 'e ''XX-vir'' (it tweintich koppen tellende preesterkolleezje). Histoarikus G. Alföldy hat de tige oannimlike ynterpretaasje oppenearre dat Tasitus troch keizer [[Titus (keizer)|Titus]] oantsjutten is as ''[[quaestor Augusti]]'', de persoan dy't de taspraken fan 'e keizer oan 'e [[Romeinske Senaat|Senaat]] skreau èn foarlies, basearre op in ynskripsje op it grêfmonumint fan Tasitus oan 'e Via Nomentana te Rome.<ref><span style="font-variant: small-caps;">Alföldy, G.</span>, ''Bricht der Schweigsame sein Schweigen? Eine Grabinschrift aus Rom'', yn: ''Mitteilungen des deutschen archeologischen Instituts, Römische Abteilung'' 102 (1995), s. 251-268.</ref> Nei alle gedachten ferfolle er dat amt yn [[80]] of [[81]], of op syn lêstenletst yn [[82]]. As er yn 81 ''[[quaestor (Rome)|quaestor]]'' wie, wol dat sizze dat er sawol ûnder Titus as ûnder dy syn broer [[Domitianus]] wurdfierder wie, want Titus stoar op [[13 septimber]] [[81]]. Doe't er ''quaestor''-ôf wie, waard Tasitus as ''[[homo novus]]'' (earste fan in famylje dy't dêr in sit hie) opnommen yn 'e [[Romeinske Senaat]]. Ut 'e ynskripsje op syn grêfmonumint is ek op te meitsjen dat er yn [[84]] of [[85]] de funksje fan ''[[aedilis]]'' oersloech om daliks ta ''[[tribunus plebis]]'' keazen te wurden. Yn [[88]] wied er sels ''[[praetor]]'' (in funksje yn 'e rjochtspraak) en teffens lid fan it prestizjeuze preesterkollezje fan 'e fyftjin (''[[quindecimviri sacris faciundis]]''). Yn [[89]] waard er foar fjouwer jier ôffurdige foar in post yn 'e provinsjes, dêr't er itsij oan it haad fan ien fan 'e legioenen stie, itsij in boargerlik amt hie.
 
Tasitus, syn gesin en syn besittings oerlibben keizer Domitianus syn skrikbewâld, al krige er der geastlik in flinke tik fan mei, sa't út syn skriuwwurk bliken docht. Doe't Domitianus op [[18 septimber]] [[96]] fermoarde waard troch syn neiste meiwurkers, hie de likernôch fjirtichjierrige Tasitus as ''[[consul suffectus]]'' foar it jier [[97]] wer sit yn 'e Senaat. Yn dat amt wied er nei alle gedachten noch beneamd troch Domitianus sels. Under dy syn opfolgers [[Nerva]] en [[Trajanus]] hearde er as âld-[[konsul (Romeinske Ryk)|konsul]] by de politike elite fan it ryk, en yn dy snuorje joech er him fierhinne oer oan 'e [[skiedskriuwing]]. Yn [[112]] en [[113]] wied er noch in jier lang gûverneur fan 'e provinsje [[Lyts-Aazje|Asia]], in fûlbegeare post. Tasitus stoar as in [[reedner]] en [[histoarikus]] fan namme earne nei it jier [[117]], wierskynlik om [[120]] hinne, al wolle party histoarisy syn ferstjerren pas yn [[125]] of sels yn [[130]] pleatse.