Judas Iskariot: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
stav.
Rigel 18:
Bûten it ferried fan Jezus spile Judas yn de evangeeljes net in grutte rol. Alhoewol't hy ien fan de tolve apostels wie en op it jild passe moast, hied er net sa'n bêste reputaasje. Yn Jehannes 12:6 wurdt Judas sels in dief neamd, dy't wol ris wat jild foar himsels efterút hold (Jehannes 12:6).
 
By Jezus wie it al folle earder bekend dat Judas de persoan wie dy't Syn ferrieder wurde soe: ''"Haw ik jimme alle tolve net útkeazen? En dochs is ien fan jimme in duvel"'' (Jehannes 6:70). Noch foar it lêtstelêste jûnsmiel gyng Judas nei de hegeprysters ta om te ûnderhanneljen oer de priis fan de útlevering fan Jezus. Ek tidens it peaskemiel mei syn learlingen liet Jezus witte wat der barre soe: ''"Ik sis jimme, dat ien fan jimme My ferriede sil"''. As ien fan de learlingen wie Judas der fansels ek by en frege kwasi ûnnoazel ''"Ik bin it dochs net, Hear?"''. Jezus andere doe: ''Jo sizze it sels'' (Mattéus 26:25). Fieder sei Jezus: ''"Dy is it, dy't ik dit iten jaan sil"'' en joech it dêrnei oan Judas. Fuort dêrnei kaam it kwea oer Judas. Nei't Jezus him moanne ''"Wat jo fan doel binne, doch dat dan gau"'' ferliet Judas de romte (Jehannes 13:21-30).
[[File:Peterssen-JudasIscariot.jpg|thumb|left|250px|Judas ferried Jezus mei in tút (Neffens in skilderij fan de Noarske skilder [[Eilif Peterssen]]]]
Judas wist wêr't Jezus nei it jûnsmiel wie en tegearre mei in binde folk mei stokken en swurden gyng er noch deselde nacht nei de hôf fan Getsémané. Krekt nei't Jezus syn learlingen wekker makke hie mei de wurden dat it safier wie dat Hy oerlevere wurde soe, rûn Judas op him ôf en rôp ''"Heare!"'' en joech syn Master in tút, sa't er dat ôfpraat hie mei de hegeprysters en skriftgelearden.