Philipp Melanchthon: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
stav.
Rigel 22:
Melanchthon hie in net sa sterke natuer en joech mei syn dimmene lûd in swakke yndruk. Dêr foar oer stie syn grutte warberrens en yn ûnderhannelings koe Melanchthon tige taaie wêze. Syn hurde wurkjen lykwols soarge der foar dat hy al yn syn jonkheid min de sliep krije koe en dat hy boppedat in útbalansearre dieet nedich hie.
 
Doe't hy op in reis nei Leipzig kjeld skipe hie en op 4 april 1560 werom kaam, krige hy yn de nacht fan 7 nei 8 april koarts. De koarts kaam mei tuskenskoften hieltiten werom en makke him jimmeroan swakker. Op 11 en 12 april joech er foar de lêste kear lêzings, in lêzing op 14 april koe net mear trochgong fine. Op 19 april kamen syn dochter en syn skoansoan dy't him fersoargen tegearre mei syn freon Joachim Camerarius by him om foar de lêtstelêste kear te weitsjen, wylst studinten foar it hûs fan harren professor bidden. Tsjin 19:00 oer ferstoar de reformator.
 
Melanchthon waard neitiid nei in tsjinst njonken syn meistrider Marten Luther yn de [[Slotkapel fan Wittenberg|Slotkapel]] fan Wittenberg te rêste lein.