Thomas Hardy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
stav.
Rigel 15:
Tusken 1871 en 1895 skreau Hardy 13 [[Roman (literatuer)|romans]], dy't harren ôfspylje in heal om heal optochte greefskip Wesseks. De earste, ''The Poor Man and the Lady'', waard troch de útjouwers wegere, Hardy ferneatige doe it manuskript. Hy krige lykwols goerie en stipe fan ûnder oaren [[George Meredith]], en dat die him belúten om troch te gean. De twa folgjende boeken joech er syn namme net oan, bleau anonym. Nei trije publissearre romans hie Hardy de goede foarm en toan fûn en briek er troch mei ''Far from the Madding Crowd''. Hy waard populêr en hie syn plak yn de literêre wrâld ferôvere.
 
Hardy stoppe mei it skriuwen fan [[proaza]]wurk nei ''Jude the Obscure'' (1895). Krekas nei it ferskinen fan ''Tess of the d'Urbervilles'' (1891), krige er sa'n negative krytyk oer him hinne, dat hy doarste it net mear oan en skreau in nije roman. De krityk gie oer de anti-houlikse aspekten en de bûtenhoulikse leafdesferhâldings yn syn lêtstelêste romans dy't as immoreel sjoen waarden. Hardy rjochte him doe op in oare grutte leafde, de poëzij. Dêr hie er ek in soad súkses mei en syn gedichten hearre ta de bêsten fan de Ingelske [[20e iuw|20e-iuw]]ske poezij.
== Romans ==
* ''The Poor Man and the Lady'' (1868, net útjûn)