Gibraltar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
++++
Rigel 19:
|webside = [http://www.gibraltar.gov.gi/ www.gibraltar.gov.gi]
}}
[[File:Gibraltar map-en.svg|thumb|left|Kaart fan Gibraltar]]
'''Gibraltar''' is in oerseesk gebiet fan it [[Feriene Keninkryk]]. It is de meast súdlike punt fan it [[Iberysk Skiereilân]] oan de [[Strjitte fan Gibraltar]]. De measte ynwenners fan Gibraltar binne fan Spaansk, Portugeesk of Marrokaansk komôf. Alle ynwenners hawwe in Britske pas. De amtstaal is [[Ingelsk]], hoewol't de measte ynwenners twatalich binne, en it [[Spaansk]] as twadde taal hawwe. De [[Berberaap]] is de iennichste apesoart dy't yn Europa yn it wyld libbet.
 
De [[Rots fan Gibraltar]] lukt in soad minsken. De ekonomy is fral basearre op [[toerisme]], finansjële tsjinsten en de [[skipfeart]]. De namme Gibraltar komt út it [[Arabysk]]: جبل طارق - ''jabal Tariq'': de berch fan Tariq, ferneamd nei de [[Moaren|Moarske]] legerlieder [[Tariq ibn Zijad]].
 
Gibraltar waard yn [[1704]] ûnder de [[Spaanske Suksesjeoarloch]] fan Ingelsk-Nederlânske troepen op Spanje ferôvere. It gebiet waard dêrnei yn 1713 ûnder de [[Frede fan Utert (1713)|Frede fan Utert]] 'foar fêst' oerdrûgen oan it [[Keninkryk Grut-Brittanje]]. It wie in wichtige basis foar de [[Royal Navy]].<br />
De [[sûvereiniteit]] fan Gibraltar is in wichtich striidpunt yn de Britsk-Spaanske ferhâlding meidat Spanje oanspraak makke op Gibraltar. Gibraltarezen fersmieten útstellen foar Spaanske sûvereiniteit by [[referendum]] yn 1967 en nochris yn 2002. Neffens de Gibraltareeske grûnwet fan 2006 regelet Gibraltar syn eigen saken, mar it foech oer definsje en bûtenlânske saken bliuwt de ferantwurdlikheid fan it regear fan it [[Feriene Keninkryk]].
 
== Galery ==
<gallery widths="180" heights="180">
Gibraltar eastside.jpg|De (ûnbewenne) eastkant
Gibraltar_P1010696.JPG|Nuete berberaap
Gibraltar + haven.jpg|Part fan Gibraltar mei op de haven
Gibraltar Border.jpg|Grinspost
</gallery>
 
 
[[Kategory:Gibraltar| ]]