Paleis Soestdyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 5:
Yn 1702 erfde de Fryskse steedhâlder [[Johan Willem Friso]] Soestdyk trochdat Willem III sûnder bern stoar. Nei it ferstjerren fan Johan Willem Friso yn 1711 wennen syn frou en soan, de lettere steedhâlder [[Willem IV fan Oranje-Nassau|Willem IV]], simmerdeis op Soestdyk. Willem IV ferstoar yn 1751 en syn frou en soan bleauwen simmerdeis op Soestdyk wenjen. Lângoed de Eult, oan de oare kant fan de Amsterdamskestrjitwei, tsjintwurdich de Baarnske Bosk, is troch de erven fan Willem Gideon Deutz op 17 july 1758 foar 319.000 gûne ferkocht oan de prinses-gûvernante [[Anna fan Hannover]].
De steedhâlders jagen der, harren widdo's brochten der de simmers troch. Yn 1795 ferlear de family it jachtslot. Under Frânske ynfloed waard Soestdyk ‘nasjonalisearre’. It feroare sels efkes yn in Frânske kazerne.
Yn [[1815]] wie alles wer oars. De Frânsen wienen fuort, Nederlân wie in keninkryk en de kroanprins – de lettere kening [[Willem II fan de NederlanneNederlannen|Willem II]] – krige it jachtslot kado foar syn optreden yn syn fjildslaggen tsjin de Frânsen.
 
== Simmerpaleis ==