Suriname: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 33:
=== Lânskip ===
[[Ofbyld:52-WONOTOBO.JPG|left|thumb|280px|Lânskip yn Suriname]]
It lân oan de noardeastkust fan Súd-Amearika is ferneamd nei de [[Suriname (rivier)|Suriname]] rivier, dy't by [[Brokopondo]] in grutte [[maropslachmar]] foarmethat en by Parimaribo yn de [[oseaanAtlantyske Oseaan]] útmûnet. De noardlike kuststripe bestiet út [[sompe]]gebiet dat tusken de 26 oant 100 km breed is. Efter de kustflakte, dêr't goed 80% fan de befolking wennet, bestiet it middenpart fan Suriname út leech, gloaiend bosklân, dat troch [[houtkap]] lykwols hjir en dêr driget te feroarjen yn [[Savanne]]. Noch fierder lân ynwerts giet it bosklân stadichoan oer yn mei tichte oerwâlden bedekte en foar it meastepart ûnoantaaste [[Toemoek-Hoemak]] berchtme.
 
Yn de súdlike helte fan it lân lizze meardere rigen bergen, dy't meiïnoar ta it [[Heechlân fan Guyana]] hearre. Dat binne û.o. it [[Oranjeberchtme]], [[Van Asch van Wijckberchtme]], [[Wilhelminaberchtme]], [[Eilerts de Haanberchtme]], [[Grinsberchtme]] en it al earder neamde Toemoek-Hoemakberchtme. De heechste pyk fan Suriname is de [[Julianatop]] op 1280 meter hichte.