Skotsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
Rigel 32:
==Skiednis==
===It Angelsaksyske tiidrek===
Yn 'e [[fyfde iuw]] ferlieten de [[Angelen]] en de [[Saksen (folk)|Saksen]] massaal harren heitelân yn noardlik [[Dútslân]] om as ûnderdiel fan it [[Grutte Folkeferfarren]] fan it [[Jeropa|Jeropeeske]] fêstelân oer te stekken nei de [[Britske Eilannen]]. Dêrby namen se harren Germaanske dialekten mei, dy't har yn harren nije lân ûntjoegen ta it [[Angelsaksysk]] (of Aldingelsk). Yn 'e [[sânde iuw]] stiften de Angelen yn noardlik [[Ingelân]] it keninkryk [[Noardumbrje (keninkryk)|Noardumbrje]], en fan dêrút begûnen se yn 'e [[achtste iuw]] oan in opmars yn súdlik Skotlân, ta skea fan 'e ûnderskate riken fan 'e [[Brytoanyske talen|Brytoanyske]] [[Kelten]] dêre. Op it hichtepunt fan har macht behearsken de Angelen it hiele súdeasten fan Skotlân, oan [[Edinburch]] ta, en hiene se ek it uterste súdwesten fan it lân, oant en mei de [[Flakte fan Kyle]], yn 'e besnijing. Fan likernôch [[800]] ôf brochten ynterne strideraasjes en ynfallen fan 'e [[Wytsingen]] harren hegemony lykwols ûnder fuotten, en neitiid waard súdeastlik Skotlân ferovere troch it mienskiplik keninkryk fan 'e [[Pikten]] en de [[Gaelen]], dêr't him it keninkryk[[Keninkryk Skotlân]] út ûntwikkele.
 
Underwilens hie it Noardumbryske Angelsaksysk him tsjin 'e ein fan 'e sânde iuw foargoed yn it súdeasten fan Skotlân fêstige, alhiel oan 'e rivier de [[Forth (rivier)|Forth]] ta, en de ferskowende grinzen feroaren dêr letter neat mear oan. Wylst it [[Skotsk-Gaelysk]] yn Skotlân doedestiden de bestjoers- en hoftaal wie, bleau it súdeasten in Angelsaksysktalich gebiet, dêr't him geandewei de [[tolfde iuw|tolfde]] en [[trettjinde iuw]] in wat ôfwikende foarm fan it [[Midingelsk]] ûntjoech, dy't [[Aldskotsk]] (of Ier Skotsk) neamd wurdt. De wichtichste reden dêrfoar wie de [[ymmigraasje]] fan Angelsaksen út it noarden en de midden fan Ingelân wei, wa har spraakgebrûk in sterke ynfloed fan it [[Deensk]] ûndergien hie. Lettere ynfloeden op it Skotsk kamen benammen fan it [[tsjerke|tsjerklik]] en [[wet|juridysk]] [[Latyn]], fan it [[Normandysk]]e [[Frânsk]] fan in protte nijynkommen [[eallju]] en fan it [[Parys]]ke [[Frânsk]] fia de ''[[Auld Alliance]]'', it iuwenlange bûnsgenoatskip tusken Skotlân en [[Frankryk]]. Hoewol't de ynfloed fan it Latyn op it Ingelsk likernôch itselde west hawwe sil, krige it Skotsk folle minder en oare ynfloeden fan it Frânsk te ferduorjen. Boppedat wiene der noch oare ynfloeden dy't de kleau mei it Ingelsk grutter makken, wêrûnder dy fan it [[Nederlânsk]] en [[Nederdútsk]] fia de hannel, en troch ûntliening út it [[Skotsk-Gaelysk]].