Skotsk-Gaelysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 27:
 
==Skiednis==
Tradysjoneel waard tocht dat it Skotsk-Gaelysk yn Skotlân brocht wie troch de [[Gaelen]] dy't yn 'e [[sechsde iuw]] massaal fan Ierlân nei Skotlân ferfearen, en dêr in stikmannich lytse keninkrykjes op 'e eilannen en skiereilannen fan westlik Skotlân fêstigen dy't úteinlik mei-inoar ferraanden ta it ryk [[Dalriada]]. Resint ûndersyk hat dizze sjenswize lykwols yn twifel lutsen, mei't der gjin [[archeology]]sk bewiismateriaal fûn is dy't op in Gaelyske ynfal of folksferhuzing wiist. Archeolooch[[Argeolooch]] [[Ewan Campbell]] hâldt it der sadwaande op dat mei [[skipfeart]] en ûnderlinge hannel in al langer besteande Gaelyske [[kultuer]] oan wjerssiden fan it [[Noarderkanaal (Britske Eilannen)|Noarderkanaal]] ûnderstipe waard.
 
Oarspronklik moat der yn 'e [[Midsiuwen]] in [[dialektkontinuum]] west hawwe fan it Iersk fan noardlik Ierlân nei it Manksk en it Skotsk-Gaelysk, wêrby't it Manksk dan ek wer oansleat by it Skotsk-Gaelysk fan 'e Hebriden. Hoewol't de dialekten oan wjerskanten fan it [[Noarderkanaal (Britske Eilannen)|Noarderkanaal]], it smelste part fan 'e [[Ierske See]], no útstoarn binne, toane gegevens fan 'e midden fan 'e [[tweintichste iuw]] oan dat dy dialekten doe noch suver naadleas yninoar oergiene. Pas nei de [[tolfde iuw]] ûntjoech it Skotsk-Gaelysk him ta in selsstannige taal dy't net mear ûnderling fersteanber wie mei it Iersk of it Manksk. Troch de politike uny tusken Dalriada en it keninkryk fan 'e [[Pikten]], dy't yn [[843]] sletten waard, koe it Skotsk-Gaelysk him úteinlik ûntjaan ta de nasjonale taal fan Skotlân, wêrby't it it [[Piktysk]] yn it easten en noardeasten en it nau oan it [[Welsk]] besibbe [[Kumbrysk]] yn it súdwesten ferkrong.
[[File:Gaelic1400Loch.png|right|thumb|200px|De taalsitewaasje yn [[Skotlân]] omtrint [[1400]]. <br>{{Color box|#0000FF}} Skotsk-Gaelysk<br> {{Color box|#ff0}} [[Skotsk]]]]
 
Sels waard it Skotsk-Gaelysk fan 'e [[trettjinde iuw]] ôf stadichoan wer tebekkrongen troch it [[Skotsk]], dat yn dy snuorje fanút syn kearnkrite yn it súdeasten fan it [[Keninkryk Skotlân]] syn taalgebiet begûn út te wreidzjen. Oant likernôch [[1495]] wie it yn Skotlân wenst om it Skotsk-Gaelysk ''Scottis'' ("Skotsk") te neamen, wylst it Skotsk fan ''Inglis'' of ''Ynglis'' ("Ingelsk") hiet. Mar omtrint dy tiid waarden de rollen omdraaid: it Skotsk kaam doe ''Scottis'' te hjitten, wylst it Skotsk-Gaelysk fan ''Erse'' ("Iersk") neamd waard. Dat jout moai it omslachpunt oan wêrby't it Skotsk de machtsstriid mei it Skotsk-Gaelysk yn syn foardiel wist te besljochtsjen: foartiid waard it Skotsk as in frjemde taal sjoen ("Ingelsk"); no begûn men it Skotsk-Gaelysk as in frjemde taal te sjen ("Iersk").
 
Dy beneaming kaam fuort út it gebrûk fan it saneamde [[Klassyk Gaelysk]] troch frijwol de hiele geletterde Skotsk-Gaelysktalige [[klasse (maatskippij)|klasse]]. It Klassyk Gaelysk wie nammentlik in tige behâldende [[literatuer|literêre]] taalfoarm, dy't ek yn Ierlân yn gebrûk wie. Der wie doedestiden dus amper ferskil tusken it skreaune Skotsk-Gaelysk en it skreaune Iersk. Pas doe't it Klassyk Gaelysk yn ûnbrûk rekke&nbsp;– en dat wie iroanysk genôch yn deselde tiid dat men dermei úteinsette om it Skotsk-Gaelysk foar "Iersk" te fersliten&nbsp;– begûn it skreaune Skotsk-Gaelysk eigen literêre foarmen te ûntwikkeljen.