Dokumintêre: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
kt
Rigel 1:
In '''dokumintêre''' (fan 'e [[eigenskipswurd]]like ferbûging fan it [[Midfrânsk]]e ''document'', "dokumint") is in [[non-fiksje]][[film]] of -[[radio]]programma, wêrby't de makker oan 'e sjoggers of harkers in byld besiket te jaan oer in aspekt fan 'e reäliteit. Soks kin bgl. gean oer in ûnderwerp út 'e [[polityk]], de [[wittenskip]], de [[skiednis]] of oer in maatskiplik ûnderwerp. Dokumintêres ûnderskiede har fan registraasjes (fan bgl. in [[sport]]wedstryd of in keninklik besyk) troch de wize dêr't it ûnderwerp op beljochte wurdt, kompleet mei eftergrûnen en faak ek mei kommentaar fan 'e belutsenenen. Om in dokumintêre te meitsjen is sadwaande in protte ûndersyk foarôf nedich. De [[regisseur]] fan in dokumintêre wurdt in [[dokumintêremakker]] neamd.
 
Hoewol't der eins technysk gjin inkele reden wêrom't men gjin hiel koarte of lange dokumintêres meitsje soe, is de lingte fan in dokumintêre trochinoar in healoere oant trije kertier. Langere dokumintêres wurde yn 'e regel yn sikken knipt en as dokumintêresearje op 'e [[tillefyzje]] brocht. Koartere dokumintêres neamt men reportaazjes, en dy wurde feitliks allinnich mar makke as ûnderdiel fan in [[aktualiteiterubryk]]. In dramatisearre dokumintêre wurdt in [[dokudrama]] neamd. In apart soarte dokumintêre, dat eins gjin dokumintêre is, is de saneamde ''[[mockumentary]]'' (in gearlûking fan 'e [[Ingelsk]]e wurden ''to mock'', "bespotte", en ''documentary'', "dokumintêre"). Dat is in parody op in dokumintêre, wêrby't in echt of fiktyf ûnderwerp op in dokuminêre-eftige manear foar it fuotljocht brocht wurdt, mar op sa'n wize dat der net folle fan op feiten berêst.
Rigel 13:
[[Kategory:Telefyzjesjenre]]
[[Kategory:Radio]]
[[Kategory:Lienwurd út it Frânsk]]