Robert I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
omstav. |
L →De moard of Jan Comyn: [[]] oars |
||
Rigel 77:
[[File:Death_of_Comyn.jpg|left|thumb|270px|De dea fan [[Jan III Comyn, hear fan Badenoch|Jan Comyn]] yn 'e ''[[Greyfriars Kirk (Dumfries)|Greyfriars Kirk]]'' te [[Dumfries]].]]
Nei't er op dy wize halje-trawalje weromkeard wie yn Skotlân, beävensearre Robert op [[10 febrewaris]] [[1306]] in moeting mei Comyn yn 'e kapel fan it [[
Sadwaande spriek Robert noch yn 'e kapel foar syn neiste folgelingen, dy't er dêr by him hie, syn bedoeling út om 'e Skotske troan op te easkjen. Doe't se nei bûten giene, dêr't de folle gruttere eskortes fan himsels en Comyn it oerlis noch altyd ôfwachten, waarden troch beide partijen de swurden lutsen, en feroare it [[tsjerkhôf]] fan Dumfries yn in slachfjild dêr't Robert-en-dy de oerwinning behellen. Fuort dêrnei rieden se nei it Kastiel fan Dumfries, dêr't se it Ingelske garnizoen ta oerjefte twongen. Ut Dumfries wei hastige Robert him nei [[Glasgow]], dêr't er by biskop Wishart oangeande de moard en de ûntwijing fan 'e kapel te [[bycht]] gie en absolúsje krige. Wishart rôp de [[geastlikheid]] yn hiel Skotlân op om Robert te stypjen, mar doe't [[paus]] [[Klemins V]] fan it barren yn 'e ''Greyfriars Kirk'' hearde, [[ekskommunikaasje|ekskommunisearre]] er Robert dêrfoar.
|