Sindeling: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L red
Rigel 1:
In '''misjonaris''' of '''sindeling''' is in persoan dy útstjoerd wurdt om in boadskip, almeast fan in religy, te ferkundigjen. De wurden ''misjonaris'' en ''missy'' binne ôflaat fan it [[Latynsk]]e wurd ''missio'', dat ''útstjoere'' betsjut. Dy wurden binne sels wer ôflaat fan it [[Gryksk]]e wurd ''apostolos'', boadskipper.
 
Yn de Kristlike tsjerke hawwe der misjonarissen sûnder tal west. Yn de Protestantske tsjerken wurdt hjirfoar it wurd ''sindeling'' brûkt. By de Roomsk-Katolike tsjerke wurdt ''misjonaris'' brûkt. De stúdzje fan de ferkundiging fan it Kristlik [[leauwen]] oan net-kristenen hiet [[sindingswittenskip]] of ''missiology''. It [[Kristendom]] hat yn de rin fan de skiednis wichtige sindelings hân. [[Willibrord]] en [[Bonifatius]] hawwe misjonarissen west nei de [[Friezen]].