Rechabeäm fan Juda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 4:
== Libben ==
[[File:Kingdoms of Israel and Judah map 830.svg|thumb|left|Nei de dea fan Salomo yn 926 f.Kr. kaam der in ein oan it Feriene Keninkryk Israel. It ryk waard ferdield yn it troch Jerobeäm I regearre noardlik keninkryk Israel (blau) mei de haadstêd Samaria en it súdlike keninkryk Juda (giel) mei de haadstêd Jeruzalim, dat regearre waard troch Rechabeäm)]]
Rechabeäm wie de soan fan [[Salomo]] en de pakesizzer fan [[David fan Israel|David]], syn mem wie de Ammonityske [[Naäma]]. Nei de dea fan syn heit slagge it Rechabeäm net om de ienheid fan it keninkryk te bewarjen. De klacht wie dat it rezjym fan Salomo te swier west hie, mar Rechabeäm woe gjin tasizzingen dwaan om it wat lichter te meitsjen, ek al hiene de âldsten him de rie jûn om it folk yn'e mjitte te kommen. Dat late ta de spjalting fan it joadske ryk. Op syn eigen stamme Juda en de stamme Benjamin nei keazen alle oare stammen foar [[Jerobeäm I fan IsraëlIsrael|Jerobeäm]] as kening fan it keninkryk Israel.
 
Doe't Rechabeäm syn posysje konsolidearre hie, naam hy it net mear sa krekt mear mei de wet fan de Heare. It folk sûndige mear as ea tefoarren en it tilde op fan de plakken dêr't offere waard oan frjemde goaden (1 Keningen 14:23). Sa koe it langer net troch gean en yn it fyfte jier fan Rechabeäms regear strafte God Juda mei in ynfal fan farao Sjisjak. De [[farao]] liet de skatten út de timpel en it paleis weihelje en ek de gouden skylden naam er mei. Om't Rechabeäm lang om let dochs noch om lyk woe en him foar God feroatmoedige, liet God Jeruzalim net hielendal ûndergean (1 Keningen 14:25; 2 Kroniken 12).