Donald Trump: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L + stikje oer ferkiezings (fierder moat in oar it marris dwaan, want ik haw muoite om objektyf te bliuwen oer dit aaklike stik ûngelok)
Rigel 31:
== Libben ==
Trump gie nei de Wharton School fan de [[Universiteit fan Pennsylvania]], wêrnei't hy yn it famyljebedriuw kaam, dat hannele yn ûnreplik guod. Op basis fan it famyljebedriuw, opboud troch syn heit, makke hy in ympearium yn ûnreplik guod, [[kasino]]'s, [[sport]] en [[transport]], wêrby't der in soarte [[satire|satiryske]] kultus ûntstien is om syn persoan. De namme "Trump" komt werom yn gebouwen dy't er bouwe litten hat (Trump Tower, Trump Taj Mahal ensfh.) en by gelegenheden komme grutte "T"'s in soad foar yn it dekor.
[[Ofbyld:Donald Trump and wife Melania.jpg|thumb|left|210px|Donald Trump mei syn oarehelte Melania (2006).]]
 
Yn [[1999]] hat Trump him ree ferklearre kandidaat te wêzen foar de presidintsferkiezings yn [[2000]] foar de Amerikaanske Reform Party. Yn [[2004]] waard Trump de útfierend produsint en stjer fan it [[National Broadcasting Company|NBC]] reality programma "The Apprentice", wêryn hy in opfolger siket foar syn ympearium. Op [[16 jannewaris]] [[2007]] krige Trump syn eigen stjer op de [[Hollywood Walk of Fame]].
Line 37 ⟶ 36:
Yn 2010 liet Trump it opnij yn him om gean om te besykjen presidint fan Amearika te wurden liet hy witte oan Fox News. "Dit is de earste kear dat ik der echt foar gean wol", seit de Republikein. "Ik wit it noch net seker, mar it fielt goed."
"Ik moat myn stientsje bydrage. Dit lân is fallyt en dat is in feit."
 
==Polityk==
Op [[16 juny]] [[2015]] stelde Trump him foar de [[Republikeinske Partij (Feriene Steaten)|Republikeinske Partij]] kandidaat foar it [[Amerikaanske presidint]]skip. Yn 't earstoan naam nimmen syn kandidatuer serieus, mar hy wist freon en (fral) fijân te ferrassen mei de oanhing dy't er mei syn [[populisme|populistysk]] praat mank benammen [[konservatisme|konservative]], âldere, [[jeropide ras|blanke]], [[man (sekse)|manlike]] Amerikanen wist te winnen. Hy fersloech yn 'e Republikeinske [[foarferkiezing]]s û.m. de âld-[[gûverneur]] fan [[Floarida]] [[Jeb Bush]], de jonge [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino]]-[[politikus]] [[Marco Rubio]] en de [[kristendom|kristlik]]-[[fûnemintalisme|fûnemintalistyske]] [[senator]] [[Ted Cruz]]. Dat died er troch syn tsjinstanners mei [[skellen|skelpartijen]] en op oare net-ynhâldlike manearen lytsman te meitsjen. Om't er dêrmei de fêstige oarder fan 'e Republikeinske Partij folslein fan him ferfrjemde, hie Trump der klauwen oan om 'e [[politike partij|partij]] wer op ien line te krijen nei't er op [[19 juny]] [[2016]] op 'e [[Republikeinske Nasjonale Konvinsje]] yn [[Cleveland (Ohio)]] nominearre wie as de offisjele presidintskandidaat fan 'e Republikeinen. Foar in oansjenlik part slagge him dat ek net, en in grut diel fan 'e partij wegere om Trump syn [[politike kampanje|kampanje]] te stypjen of sels om foar him te stimmen, eat dat noch nea earder foarkommen wie yn 'e Amerikaanske politike skiednis. As syn [[fise-presidint]]skandidaat keas Trump [[Mike Pence]] út, de aartskonservative en [[homofoby|homofobe]] [[gûverneur]] fan [[Indiana]].
[[Ofbyld:Donald Trump and wife Melania.jpg|thumb|left|210px250px|Donald Trump mei syn oareheltefrou Melania (2006).]]
 
Underwilens hie de [[Demokratyske Partij (Feriene Steaten)|Demokratyske Partij]] [[Hillary Clinton]] oanwiisd as offisjele presidintskandidate. Dat wie de earste kear dat ien fan 'e beide grutte Amerikaanske partijen in [[frou]] as presidintskandidaat keas. De dêropfolgjende kampanje foar de presidintsferkiezings ûntpopte him ta in ordinêrens en in dreksmiterij, benammen fan 'e kant fan Trump, sa't sels yn 'e Amerikaanske polityk noch nea earder sjoen wie. Trump hold út dat alle [[yllegale ymmigrant|yllegale]] [[Latino's yn Noard-Amearika]] [[ferkrêfting|ferkrêfters]] en [[moard]]ners wiene, ûnthiet syn oanhingers dat er in [[muorre]] by de grins mei [[Meksiko]] lâns bouwe soe en dêr Meksiko foar betelje litte soe, en sei fierders dat er de grinzen fan 'e Feriene Steaten slute soe foar alle [[moslim]]s.
 
Trump betocht ek de [[bynamme]] ''Crooked Hillary'' ("Kriminele Hillary") foar Clinton, om't se neffens him skuldich wie oan [[machtsmisbrûk]] en [[moard]] (op 'e trije Amerikaanske [[diplomaat|diplomaten]] dy't omkommen wiene by de [[oanfal op de Amerikaanske ambassade yn Benghazi]]). Hy warskôge har dat er derfoar soargje soe dat se yn it [[tichthûs (finzenis)|tichthûs]] bedarje soe as hy de ferkiezings wûn. Ek [[e-mailskandaal fan Hillary Clinton|Clinton har e-mailskandaal]] waard wer oprakele en Trump besocht sels it [[Lewinsky-skandaal]], út 'e tiid fan it [[presidint]]skip fan Hillary har [[oarehelte|man]] [[Bill Clinton]], tsjin har te brûken. Clinton sels sloech werom mei û.m. ferwizings nei Trump syn misse setten yn it sakelibben en syn [[frouljushaat|denigrearjende útspraken oer en hâlding foar froulju oer]], sa't bgl. oan it ljocht kaam troch in [[lûdsopname]] út [[2005]], dêr't er op swetste oer it útheljen fan [[ûnwinske yntimiteiten]] by [[frou]]lju, û.m. troch se by de [[fagina]] te gripen. Neitiid kamen fyftjin froulju nei foarren dy't him fan [[seksuële oantaasting]] beskuldigen.
 
Beide kandidaten wiene tige ympopulêr mank de gewoane Amerikanen, mar Trump noch mear as Clinton. Nettsjinsteande dat, en tsjin 'e útslaggen fan alle [[opinypeiling]]s yn, wûn Trump op [[8 novimber]] [[2016]] de presidintsferkiezings fan Clinton. De reden dêrfoar wie net, sa't de Republikeinen hawwe woene, dat de Trump in nije groep kiezers foar harren oanboarre hie, want der stimden minder minsken op him as dat der yn [[2012]] op [[Mitt Romney]] en yn [[2008]] op [[John McCain]] stimd hiene. Krektoarsom, de reden dat Trump de ferkiezings wûn, wie dat in grut part fan it Demokratyske elektoraat thúsbleau.
 
== Trivia ==