Donald Trump: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Polityk: noch wat
Rigel 41:
[[Ofbyld:Donald Trump and wife Melania.jpg|thumb|left|250px|Donald Trump mei syn frou Melania.]]
 
Underwilens hie de [[Demokratyske Partij (Feriene Steaten)|Demokratyske Partij]] [[Hillary Clinton]] oanwiisd as offisjele presidintskandidate. Dat wie de earste kear dat ien fan 'e beide grutte Amerikaanske partijen in [[frou]] as presidintskandidaat keas. De dêropfolgjende kampanje foar de [[Amerikaanske presidintsferkiezings 2016|presidintsferkiezings]] ûntpopte him ta in ordinêrens en in dreksmiterij, benammen fan 'e kant fan Trump, sa't sels yn 'e Amerikaanske polityk noch nea earder sjoen wie. Trump hold út dat alle [[yllegale ymmigrant|yllegale]] [[Latino's yn Noard-Amearika]] [[ferkrêfting|ferkrêfters]] en [[moard]]ners wiene, ûnthiet syn oanhingers dat er in [[muorre]] by de grins mei [[Meksiko]] lâns bouwe soe en dêr Meksiko foar betelje litte soe, en sei fierders dat er de grinzen fan 'e Feriene Steaten slute soe foar alle [[moslim]]s.
 
Trump betocht ek de [[bynamme]] ''Crooked Hillary'' ("Kriminele Hillary") foar Clinton, om't se neffens him skuldich wie oan [[machtsmisbrûk]] en [[moard]] (op 'e trije Amerikaanske [[diplomaat|diplomaten]] dy't omkommen wiene by de [[oanfal op de Amerikaanske ambassade yn Benghazi]]). Hy warskôge har dat er derfoar soargje soe dat se yn it [[tichthûs (finzenis)|tichthûs]] bedarje soe as hy de ferkiezings wûn. Ek [[e-mailskandaal fan Hillary Clinton|Clinton har e-mailskandaal]] waard wer oprakele en Trump besocht sels it [[Lewinsky-skandaal]], út 'e tiid fan it [[presidint]]skip fan Hillary har [[oarehelte|man]] [[Bill Clinton]], tsjin har te brûken. Clinton sels sloech werom mei û.m. ferwizings nei Trump syn misse setten yn it sakelibben en syn [[frouljushaat|denigrearjende útspraken oer en hâlding foar froulju oer]], sa't bgl. oan it ljocht kaam troch in [[lûdsopname]] út [[2005]], dêr't er op swetste oer it útheljen fan [[ûnwinske yntimiteiten]] by [[frou]]lju, û.m. troch se by de [[fagina]] te gripen. Neitiid kamen fyftjin froulju nei foarren dy't him fan [[seksuële oantaasting]] beskuldigen.