Donald Trump: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 39:
==Polityk==
Op [[16 juny]] [[2015]] stelde Trump him foar de [[Republikeinske Partij (Feriene Steaten)|Republikeinske Partij]] kandidaat foar it [[Amerikaanske presidint]]skip. Yn 't earstoan naam nimmen syn kandidatuer serieus, mar hy wist freon en (fral) fijân te ferrassen mei de oanhing dy't er mei syn [[populisme|populistysk]] praat mank benammen [[konservatisme|konservative]], âldere, [[jeropide ras|blanke]], [[man (sekse)|manlike]] Amerikanen wist te winnen. Hy fersloech yn 'e Republikeinske [[foarferkiezing]]s û.m. de âld-[[gûverneur]] fan [[Floarida]] [[Jeb Bush]], de jonge [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino]]-[[politikus]] [[Marco Rubio]] en de [[kristendom|kristlik]]-[[fûnemintalisme|fûnemintalistyske]] [[senator]] [[Ted Cruz]]. Dat died er troch syn tsjinstanners mei [[skellen|skelpartijen]] en op oare net-ynhâldlike manearen lytsman te meitsjen. Om't er dêrmei de fêstige oarder fan 'e Republikeinske Partij folslein fan him ferfrjemde, hie Trump der klauwen oan om 'e [[politike partij|partij]] wer op ien line te krijen nei't er op [[19 juny]] [[2016]] op 'e [[Republikeinske Nasjonale Konvinsje]] yn [[Cleveland (Ohio)]] nominearre wie as de offisjele presidintskandidaat fan 'e Republikeinen. Foar in oansjenlik part slagge him dat ek net, en in grut diel fan 'e partij wegere om Trump syn [[politike kampanje|kampanje]] te stypjen of sels om foar him te stimmen, eat dat noch nea earder foarkommen wie yn 'e Amerikaanske politike skiednis. As syn [[fise-presidint]]skandidaat keas Trump [[Mike Pence]] út, de aartskonservative en [[homofoby|homofobe]] [[gûverneur]] fan [[Indiana]].
[[Ofbyld:Donald Trump and wife Melania.jpg|thumb|left|250px|Donald Trump mei syn frou [[Melania Trump]].]]
 
Underwilens hie de [[Demokratyske Partij (Feriene Steaten)|Demokratyske Partij]] [[Hillary Clinton]] oanwiisd as offisjele presidintskandidate. Dat wie de earste kear dat ien fan 'e beide grutte Amerikaanske partijen in [[frou]] as presidintskandidaat keas. De dêropfolgjende kampanje foar de [[Amerikaanske presidintsferkiezings 2016|presidintsferkiezings]] ûntpopte him ta in ordinêrens en in dreksmiterij, benammen fan 'e kant fan Trump, sa't sels yn 'e Amerikaanske polityk noch nea earder sjoen wie. Trump hold út dat alle [[yllegale ymmigrant|yllegale]] [[Latino's yn Noard-Amearika]] [[ferkrêfting|ferkrêfters]] en [[moard]]ners wiene, ûnthiet syn oanhingers dat er in [[muorre]] by de grins mei [[Meksiko]] lâns bouwe soe en dêr Meksiko foar betelje litte soe, en sei fierders dat er de grinzen fan 'e Feriene Steaten slute soe foar alle [[moslim]]s.