Ferskil tusken ferzjes fan "De Twa Tuorren"

L
L (red)
De [[Frysk]]e [[oersetting]] fan ''The Two Towers'' (ûnder de titel fan ''De Twa Tuorren'') kaam yn it neijier fan fan [[2016]] út. De hiele oplaach waard op [[ambacht]]like wize ynbûn troch [[boekbiner]]ij Fopma te [[Wier]]. It [[omslach|stofomslach]] waard ûntwurpen troch R.P. Peters te [[Waaksens (Littenseradiel)|Waaksens]] op basis fan [[foto]]keunst troch [[Maartje Roos]] fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].<ref>{{Aut|Tolkien, J.R.R.}}, ''De Twa Tuorren'' (fert. Liuwe H. Westra), Bûtenpost, 2016 (Stifting Fryske Tolkien), ISBN 978-9 08 25 87 104, skutblêd.</ref> De fertaling sels waard, krekt sa't dat it gefal wie by ''[[It Selskip fan 'e Ring]]'', it earste diel fan ''[[Master fan Alle Ringen]]'', fersoarge troch dû. [[Liuwe H. Westra]], yn it deistich libben wurksum as [[predikant]] en [[universiteit|universitêr meiwurker]]. De útjefte stie oarspronklik plend foar it neijier fan [[2013]], mar tsjinslaggen by it fertaalwurk kearden it tsjin oant nei de jierwiksel, en in skeel mei de [[útjouwer]] soarge fanôf begjin [[2014]] foar noch mear opûnthâld.<ref>{{Aut|Westra, Liuwe H.}}, ''Fan 'e Oersetter'', yn: ''De Twa Tuorren'', Bûtenpost, 2016 (Stifting Fryske Tolkien), ISBN 978-9 08 25 87 104, s. 8.</ref>
 
Yn [[2016]] besleat Westra ''De Twa Tuorren'' yn [[eigen behear]] út te jaan fia de troch himsels, [[Marten Walinga]] en [[Ate Grypstra]] oprjochte [[Stifting Fryske Tolkien]],<ref>[http://www.frysketolkien.nl Offisjele webside fan 'e Stifting Fryske Tolkien]</ref> wat er finansierde mei in [[crowdfunding]]saksje.<ref>[https://www.voordekunst.nl/projecten/4834-tolkien-lotr-ii-yn-it-moaiste-frysk-1 Liuwe Westra presintearret syn crowdfundingsaksje foar ''De Twa Tuorren'' op Voordekunst.nl]</ref> Ta promoasje begûn er dêrnjonken in eigen [[YouTube|YouTube-kanaal]], dêr't û.m. [[deputearre]] [[Sietske Poepjes]] en [[akteur]] [[Freark Smink]] stikken út it [[boek]] foarliezen.<ref>[https://www.youtube.com/channel/UCd2sSDO3dwB9JmNwPDylPTw Liuwe Westra syn eigen YouTube-kanaal]</ref> De eigentlike presintaasje fan ''De Twa Tuorren'' waard op [[freed]] [[11 novimber]] [[2016]] holden yn 'e eardere [[Grifformearde Tsjerken yn Nederlân|grifformearde]] [[tsjerke]] yn Westra syn wenplak [[Lollum]].<ref>{{Aut|Vries, Sietse de}}, ''Hobbits, elfen en crowdfunding'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 21 oktober 2016.</ref> Tsjin dy tiid wie it bedrach dat er fia crowdfunding hope op te heljen (€7.800), al mear as binnen (feitliks wie der mear as €9.000 byinoar brocht).<ref>[https://www.voordekunst.nl/projecten/4834-tolkien-lotr-ii-yn-it-moaiste-frysk-1 Liuwe Westra presintearret syn crowdfundingsaksje foar ''De Twa Tuorren'' op Voordekunst.nl]</ref> Dêrnjonken ûntfong Westra foar de útjefte fan ''De Twa Tuorren'' ek finansjele stipe fan 'e [[Douwe Kalma Stifting]], it [[Feitsma Fûûns fwar it Frysk]], de [[Stifting Kristlik Frysk Folksboek]], de [[S.E. Wendelaar Bonga Stifting]], it [[Prins Bernhard Kultuerfûns]] en it [[Nederlân]]sk [[Tolkien Genoatskip Unquendor|Tolkien Genoatskip "Unquendor"]].<ref>{{Aut|Tolkien, J.R.R.}}, ''De Twa Tuorren'' (fert. Liuwe H. Westra), Bûtenpost, 2016 (Stifting Fryske Tolkien), ISBN 978-9 08 25 87 104, skutblêd.</ref>
 
Westra makke foar de oersetting gebrûk fan 'e [[Steatestavering]] mei oanpassing fan guon [[fokaal|lûden]] en [[klam (taalkunde)|ûnbeklamme]] [[wurdlid]]den ("prissentaasje" ynstee fan "presintaasje", "ginneraasje" ynstee fan "generaasje", ensfh.); yn it [[foarwurd]] by ''De Twa Tuorren'' set er koart syn ôfwearze fan 'e "''folslein sinleaze en kontraproduktive''" [[Oanpaste Steatestavering]] útinoar.<ref>{{Aut|Westra, Liuwe H.}}, ''Fan 'e Oersetter'', yn: ''De Twa Tuorren'', Bûtenpost, 2016 (Stifting Fryske Tolkien), ISBN 978-9 08 25 87 104, s. 12.</ref> As [[korrektor]]s wurken oan 'e oersetting mei: Westra syn [[oarehelte|frou]] Baukje Keulen;<ref>{{Aut|Westra, Liuwe H.}}, ''Fan 'e Oersetter'', yn: ''De Twa Tuorren'', Bûtenpost, 2016 (Stifting Fryske Tolkien), ISBN 978-9 08 25 87 104, s. 12.</ref> [[Anne Tjerk Popkema]], dy't sels ''[[The Hobbit]]'' fan Tolkien oersette yn it Frysk;<ref>{{Aut|Westra, Liuwe H.}}, ''Fan 'e Oersetter'', yn: ''De Twa Tuorren'', Bûtenpost, 2016 (Stifting Fryske Tolkien), ISBN 978-9 08 25 87 104, s. 12/13.</ref> [[Ate Grypstra]], dy't ek belutsen wie by de [[Stifting Fryske Tolkien]];<ref>{{Aut|Westra, Liuwe H.}}, ''Fan 'e Oersetter'', yn: ''De Twa Tuorren'', Bûtenpost, 2016 (Stifting Fryske Tolkien), ISBN 978-9 08 25 87 104, s. 13.</ref> en [[Willem Sjoerds Janzen]], foar wa't Westra sels earder as korrektor tsjinne hie by de oersetting fan ''[[The Hallowed Hunt]]'', fan [[Lois McMaster Bujold]].<ref>{{Aut|Westra, Liuwe H.}}, ''Fan 'e Oersetter'', yn: ''De Twa Tuorren'', Bûtenpost, 2016 (Stifting Fryske Tolkien), ISBN 978-9 08 25 87 104, s. 13.</ref><ref>{{Aut|Janzen, Willem Sjoerds}}, ''Neiwurd fan 'e Oersetter'', yn: Lois McMaster Bujold, ''Yn it Skaad fan de Wolf'', Ljouwert, 2014 (Utjouwerij Elikser), ISBN 978-9 08 95 46 289, s. 487.</ref> Foar de [[Aldfrysk]]e passaazjes dy't er brûkte foar de taal fan Rohan (ta ferfanging fan Tolkien syn [[Angelsaksysk]]), stipe Westra op 'e rie fan [[taalkundige]] [[Arjen Versloot]] en [[skiedkundige]] [[Oebele Vries]].<ref>{{Aut|Westra, Liuwe H.}}, ''Fan 'e Oersetter'', yn: ''De Twa Tuorren'', Bûtenpost, 2016 (Stifting Fryske Tolkien), ISBN 978-9 08 25 87 104, s. 13.</ref> Westra droech ''De Twa Tuorren'' op oan syn [[soan]] Jeljer.<ref>{{Aut|Westra, Liuwe H.}}, ''Fan 'e Oersetter'', yn: ''De Twa Tuorren'', Bûtenpost, 2016 (Stifting Fryske Tolkien), ISBN 978-9 08 25 87 104, s. 14.</ref>