Josjafat fan Juda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Nije Side: thumb|250px|Kening Josjafat (skilderij yn de Sankta Mariatsjerke yn it [[Sweden|Sweedske Åhus.]] '''Josjafat''' (Hebriuwsk: יְהוֹשָׁפָט; "De...
 
LNo edit summary
Rigel 6:
Troch in houlik ferbûn Josjafat syn lân mei it [[Keninkryk Israel|Noardryk Israel]] fan kening [[Achab fan Israel|Achab]]. Dit stjitte op beswieren fan de oanhingers fan de God fan Israel en de grutte nederlaach dy't it mienskiplike leger fan Josjafat en Achab tidens in fjildtocht tsjin Ramot yn Gileäd litte, waard dan ek as in straf fan God útlein. Mar oars as kening Achab brocht Josjafat it der libben ôf en de kening kaam sûnder ferwûnings fan de striid werom.<ref>2 Kroniken 18:1-34</ref> Thús krige de kening lykwols it leksum fan de profeet [[Jehû (profeet)|Jehû]], dy't Josjafat ferwiet de ôffallige Achab holpen te hawwen.<ref>2 Kroniken 19:1-2</reF>
 
Tenei bleau Josjafat yn Juda's haadstêd [[Jeruzalim]]. Hy wijde him wer oan it bestriden fan de ôfgoaderij. Ek reorganisearre kening Josjafat it rjochtsysteem fan it lân en hiet de rjochters soarch te dragen foar in ûnôfhinklike en ûnpartijdige rjochtspraak.<ref>2 Kroniken 19:4-7</ref>
 
Josjafat boude in float om hannel te driuwen mei it legendaryske goudlân Ofir, mar de skippen sloegen ûnderweis nei Ofir brek. Kening [[Achazja fan Israel|Achazja]], de opfolger fan Achab, stelde út om tegearre mei Josjafat in nije float te bouwen, mar Josjafat wiisde dat útstel ôf.<ref>1 Keningen 22:49-50</ref>
 
Ek by in skeel fan kening [[Joaram fan Israel|Joaram]] fan Israel mei de Moäbytyske kening Meza oer it beteljen fan it tribút joech Josjafat militêre bystân oan Israel. Al rillegauRillegau dêrnei sochten de Moabiten stipe fan harren buorlju en begûnen mei har de striid tsjin Josjafat. De kening fan Juda kundige in hiele dei fêsten ôf, folge de oanwizings fan de profeet [[Sekarja (profeet)|Sekarja]] tige sekuer op en doe't syn leger foar de ûnbidich grutte oermacht van de Moäbityske kening stie en de wurden ''Loovje de Heare, want syn trou duorret ivich'' skandearre, krigen de Moäbiten en de Ammoniten as in wûnder meiïnoar deilis en moarddenmoarden hja inoar folslein út.<ref>2 Kroniken 20:1-30</ref>
 
Nei dizze oerwinning ferstoar Josjafat yn de âldens fan sechtich jier. Josjafat hie it lân fiifentwintich jier regearre en waard opfolge troch syn soan [[Joaram fan Juda|Joaram]].