Destroyer (roman): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 24:
==Ynhâld==
===Wat foarôf gie===
''Destroyer'' spilet likernôch tolve jier nei de ûnferwachtse weromkear fan it [[minske|minsklike]] [[romteskip]] de ''Phoenix'' by de Ierde fan 'e atevi,. dêr'tDêr hie tsjin dy tiid de [[minske|minsklike]] [[koloanje]] op it [[eilân]] Mospheira, dy't dêr twahûndert jier earder troch it skip plante wie, ûnderwilens in stabyl lykwicht ûntjûn hie mei de wrâldseigen atevi-befolking. Dat lykwicht wie lykwols berikt nei't eardere frije kontakten troch [[kultuer|kulturele]] en [[biology]]ske misferstannen tusken harren ta in [[oarloch]] laat hiene dy't op in hier nei einige mei de [[genoside|útrûging]] fan alle minsken op 'e [[planeet]]. Neitiid rint alle kontakt fia ien persoan, de ''paidhi'' ([[tolk (berop)|tolk]]), in funksje dy't no beklaaid wurdt troch Bren Cameron.
 
Sûnt de weromkear fan 'e ''Phoenix'' hawwe de minsken fan Mospheira op in nea earder fertoande wize gearwurke mei de atevi om in [[romtefeart]]programma te ûntwikkeljen, en dêrnei om it yn ferfal rekke, want al twahûndert jier ûnbemanne [[romtestasjon]] op te kallefaterjen en de ''Phoenix'' fan nije [[brânstof]] te foarsjen. De driuwende krêft efter al dat wurk wie it nijs dat de ''Phoenix'' it ûnder syn ôfwêzichheid oan 'e stôk krigen hie mei in oar ras fan [[bûtenierdske wêzens]], dy't Reunion, it twadde romtestasjon dat it skip omfierrens boud hie, by in oanfal ferwuostge hawwe soene.