Suo jure: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L [[]]
Rigel 1:
'''''Suo jure''''' (útspr.: ['suo: 'ʒu:re], likernôch: "sûo zjoere") is in [[Latyn]]ske útdrukking dy't letterlik "yn syn/har eigen rjocht" betsjut. Dizze útdrukking wurdt ornaris brûkt yn 'e kontekst fan [[adel|aadlike]] [[aadlike titel|titels]], wêrby't froulju[[frou]]lju yn it ferline yn 'e regel de titel fan harren [[oarehelte|man]] dielden. Dus as de [[greve]] fan [[Hollân]] [[troude]] mei de [[dochter]] fan 'e greve fan [[Flaanderen]], om mar in foarbyld te jaan, dan krige de [[breid]] by it houlik de titel 'grevinne fan Hollân'. Dat woe lykwols net sizze dat se dan ek lykfol hokker regearingsfoech hie, want dat wie net sa. Mar soms, as der gjin [[man (sekse)|manlike]] erfgenamten wiene, folge in [[dochter]] har [[heit]] op en hie dan wol regearingsfoech. Om dat ferskil oan te jaan, wurdt dan ''suo jure'' tafoege, of ek wol it [[eigenskipswurd]] 'regearjend'. Dus om in foarbyld te jaan: [[Jakoba fan Beieren]] wie regearjend grevinne fan Hollân of grevinne fan Hollân ''suo jure''.
 
{{boarnen|boarnefernijing=