John Wilson (Ottawa): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
No edit summary
Rigel 22:
 
==Libben==
Wilson waard omtrint [[1813]] [[Berte|berne]] yn it gebiet fan 'e [[Grutte Marren]] fan [[Noard-Amearika]], wierskynlik yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Michigan]] of [[Ohio]]. [[Etnisiteit|Etnysk]] hearde er ta de [[Ottawa (folk)|Ottawa]], in [[Yndianen|Yndiaansk]] [[folk]] dat fan âlds in [[Algonkwynske talen|Algonkwynske]] [[taal]] sprekt en nau besibbe is oan 'e [[Odjibwe (folk)|Odjibwe]] (''Ojibwe''), dy't ek wol Tsjippewa (''Chippewa'') neamd wurde.
 
Yn 'e iere [[njoggentjinde iuw]] hiene de súdlike Ottawa-troepen yn [[Ohio]], [[Illinois]] en súdlik [[Michigan]] ferskate [[Yndianereservaat|Yndianereservaten]]: [[Blanchard's Fork Yndianereservaat|Blanchard's Fork]], [[Roche de Bœuf Yndianereservaat|Roche de Bœuf]] en [[Auglaize Yndianereservaat|Auglaize]]. Yn [[1830]] naam it [[Amerikaanske Kongres]] lykwols de [[Wet op de Yndiaanske Ferwidering]] oan, wêrby't de [[deportaasje]] fan Yndiaanske stammen nei gebieten bewesten de [[Mississippy (rivier)|Mississippy]] regele waard om romte te meitsjen foar [[jeropide ras|blanke]] [[kolonist]]en. Neitiid waarden de Ottawa yn Ohio, Illinois en súdlik Michigan ûnder druk set om 'frijwillich' har lân op te jaan. Uteinlik tekenen harren foaroanlju yn [[1833]] in 'ferwideringsferdrach', wêrby't de Ottawa earst nij lân krije soene yn [[Iowa]]. Nei't it [[ferdrach]] al tekene wie, makke it Amerikaanske [[regear]] dêr lykwols ynstee [[Kansas]] fan, dat noch in stik fierder nei it westen ta lei.