Laird: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L sa dan
Rigel 1:
In '''''laird''''' (útspr.: [lɛɘrd]; likernôch: "lêrd") is in [[Skotsk]] wurd dêr't de eigner fan in lângoed yn [[Skotlân]] mei oantsjut wurdt. Yn 'e Skotske maatskiplike rangoarder stiet sa'nent ûnder in [[baron]], mar boppe in boargerhear (''gentleman''). Men soe dizze titel ferlykje kinne mei de [[Fryslân|Fryske]] [[jonkhear|jonker]] fan alearen.
 
De titel ''laird'' mei tsjintwurdich by [[wet]] allinnich mar fierd wurde troch de eigner fan in lângoed (d.w.s. in [[lânhûsbûtenpleats]] mei lânerijen), dy't as sadanich erkend is troch it [[Hof fan de Lord Lyon]], de heechste autoriteit op it mêd fan 'e Skotske [[heraldyk]]. Sokke ''lairds'' wurde yn 'e regel oantsjut as [''foarnamme''] [''efternamme''] of [''lângoed''], wêrby't ''of'' oerset wurde kin as "fan" (dus bgl. [[John Graham fan Claverhouse, boarchgreve fan Dundee|John Graham fan Claverhouse]] of [[Donald Cameron fan Lochiel]]).
 
Histoarysk waarden lytse, plattelânske ''lairds'' faak oantsjut as ''bonnet lairds'' ("baret-''lairds''"), om't dy yn 'e regel in [[Glengarry-baret]] (''Glengarry bonnet'') droegen, in swart opsteand kopdeksel, by de râne lâns fersierd mei in bân fan [[tartan]]stof en mei in plomke oan 'e rjochtersydkant.