Aleksander fan Bruce (broer fan Robert I): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 18:
Aleksander wie in soan fan [[Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale]], en dy syn frou [[Marjorie, grevinne fan Carrick]]. Hy kaam omtrint [[1285]] te wrâld, wierskynlik op it [[Kastiel fan Turnberry]], dat de residinsje fan 'e greven fan [[Carrick]] wie. Hy wie in jongere broer fan kening [[Robert I fan Skotlân|Robert I fan Skotlân]], dy't yn [[1306]], ûnder de [[Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen]] tsjin [[Ingelân]], op 'e troan kaam. Aleksander liket yn 't earstoan foar in [[Roomsk-Katolike Tsjerke|tsjerklik]] wurkpaad keazen te hawwen, mei't er [[deken]] fan [[Glasgow]] wie. Yn 'e Unôfhinklikheidsoarloggen naam er lykwols it swurd op om syn broer op it slachfjild te stypjen.
 
Yn [[febrewaris]] [[1307]], doe't hiel Skotlân suver noch troch de Ingelsen behearske waard, diene Robert fan Bruce en syn folgelingen yn twa groepkes in ynfal yn it súdwesten. Ien legerke, ûnder lieding fan himsels en syn broer [[Edwert fan Bruce|Edwert]], gie oan lân by it [[Kastiel fan Turnberry]] en sette yn [[Galloway]] útein mei in [[guerrilja-oarloch]]. It oare legerke, besteande út 'e bemanningen fan achttjin [[galei]]en, yn totaal sa'n 1.000 man, kaam in ein súdliker oan lân, by [[Stranraer]]. Oan it haad fan dizze kloft stiene de beide jongere bruorren Aleksander en [[Tomas fan Bruce]] en de eallju, [[Malcolm MacQuillan, hear fan Kintyre]] en de [[ridder]] [[Reginald fan Crawford]]. Hja waarden lykwols al rillegau ynsletten en nei de [[Slach by Loch Ryan]] ta oerjefte twongen troch pleatslike troepen ûnder [[Duncan MacDowall]], in oanhinger fan [[Jan Comyn, greve fan Buchan]], de aartsrivaal fan Robert fan Bruce.
 
Neitiid waard MacQuillan troch MacDowall daliks deadien, wylst Aleksander en Tomas mei Reginald fan Crawford oerdroegen waarden oan 'e Ingelsen, dy't harren oerbrochten nei [[Carlisle (Ingelân)|Carlisle]], yn noardlik [[Ingelân]]. Dêr waarden de beide bruorren op [[9 febrewaris]] [[1307]] foar [[ferrie]] (oan 'e Ingelske kening [[Edwert I fan Ingelân|Edwert I]], dy't himsels ek kening fan Skotlân achte) [[deastraf|ta de dea brocht waard]] troch yn it iepenbier [[ûnthalzing|ûnthalze]] te wurden.