Tomas fan Bruce: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 7:
| bertedatum = ±[[1284]]
| berteplak = [[Kastiel fan Turnberry]] ([[Skotlân]])
| stjerdatum = mids [[9 febrewaris]] [[1307]]
| stjerplak = [[Carlisle (Ingelân)|Carlisle]] ([[Ingelân]])
| dynasty = [[Hûs Bruce]]
Rigel 13:
| prizen =
}}
'''Tomas fan Bruce''' ([[Ingelsk]]: ''Thomas Bruce'', [[Normandje|Normandysk]]-[[Frânsk]]: ''Thomas de Brus''; [[Kastiel fan Turnberry]] ([[Skotlân]]), ±[[1284]] – [[Carlisle (Ingelân)|Carlisle]] ([[Ingelân]]), mids [[9 febrewaris]] [[1307]]) wie in [[Skotlân|Skotsk]] [[ealman]] dy't oan heitekant ek fan [[Normandje|Normandysk]] en [[Ieren (folk)|Iersk]] [[etnyske groep|etnysk]] komôf wie. Hy wie in jongere broer fan kening [[Robert I fan Skotlân|Robert I fan Skotlân]], en waard yn [[1307]] troch de [[Ingelân|Ingelsen]] [[deastraf|terjochtsteld]].
 
==Libben==
Tomas wie in soan fan [[Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale]], en dy syn frou [[Marjorie, grevinne fan Carrick]]. Hy kaam omtrint [[1284]] te wrâld, wierskynlik op it [[Kastiel fan Turnberry]], dat de residinsje fan 'e greven fan [[Carrick]] wie. Hy wie in jongere broer fan kening [[Robert I fan Skotlân|Robert I fan Skotlân]], dy't yn [[1306]], ûnder de [[Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen]] tsjin [[Ingelân]], op 'e troan kaam. Yn dat konflikt naam Tomas it swurd op om syn broer op it slachfjild te stypjen.
 
Yn [[febrewaris]] [[1307]], doe't hiel Skotlân suver noch troch de Ingelsen behearske waard, diene Robert fan Bruce en syn folgelingen yn twa groepkes in ynfal yn it súdwesten. Ien legerke, ûnder lieding fan himsels en syn broer [[Edwert fan Bruce|Edwert]], gie oan lân by it [[Kastiel fan Turnberry]] en sette yn [[Galloway]] útein mei in [[guerrilja-oarloch]]. It oare legerke, besteande út 'e bemanningen fan achttjin [[galei]]en, yn totaal sa'n 1.000 man, kaam in ein súdliker oan lân, by [[Stranraer]]. Oan it haad fan dizze kloft stiene de beide jongere bruorren Tomas en [[Aleksander fan Bruce (broer fan Robert I)|Aleksander fan Bruce]], [[Malcolm MacQuillan, hear fan Kintyre]] en de [[ridder]] [[Reginald fan Crawford]]. Hja waarden lykwols al rillegau ynsletten en nei de [[Slach by Loch Ryan]], op [[9 febrewaris|9]] en [[10 febrewaris]], ta oerjefte twongen troch pleatslike troepen ûnder [[Duncan MacDowall]], in oanhinger fan [[Jan Comyn, greve fan Buchan]], de aartsrivaal fan Robert fan Bruce.
 
Neitiid waard MacQuillan troch MacDowall daliks deadien, wylst Tomas en Aleksander mei Reginald fan Crawford oerdroegen waarden oan 'e Ingelsen, dy't harren oerbrochten nei [[Carlisle (Ingelân)|Carlisle]], yn noardlik [[Ingelân]]. Dêr waarden de beide bruorren opmids [[9 febrewaris]] [[1307]] foar [[ferrie]] (oan 'e Ingelske kening [[Edwert I fan Ingelân|Edwert I]], dy't himsels ek kening fan Skotlân achte) [[deastraf|ta de dea brocht waard]] troch yn it iepenbier [[ûnthalzing|ûnthalze]] te wurden.
 
{{boarnen|boarnefernijing=