Ferskil tusken ferzjes fan "Ferhurde wei"

L
red
L (red)
L (red)
In '''ferhurde wei''' of '''ferhurde dyk''' is in [[paad]] wêrfan't de toplaach belein is mei in hurd materiaal, lykas [[klinkert]]s of [[asfalt]]. Binnen de [[beboude kom]] fan in [[doarp]] of [[stêd]] wurdt sa'n ferhurde wei yn 'e regel in '''strjitte''' neamd. Op 'e romte spriek men foarhinne fan in '''strjitwei'''. Om't ferhurde wegen yn [[Fryslân]] tsjintwurdich de regel binne, wurdt de ferhurde steat fan sokke wegen bûten de beboude kom no yn it spraakgebrûk ornaris net mear oanjûn.
 
Ferhurding fan wegen is needsaaklik om't [[fiertúch|fiertugen]] mei tsjillen[[tsjil]]len [[fuorren]] meitsje, dy't by wiet [[waar]] tige djip yn 'e ûndergrûn ynslite kinne. Foarhinne hie men ek rekken te hâlden mei [[hynder|hynste]][[hoef|hoeven]], dy't by in protte [[ferkear]] it paad ek flink omwuolje koene. In wei dy't ferhurde is mei in los materiaal, lykas [[pún]] (in [[púnreed]]) wurdt net as in ferhurde wei beskôge om't der troch de losse steat fan it ferhurdzjende pún dochs wer gatten en plassen[[plasse]]n ûntsteane.
 
{{boarnen|boarnefernijing=