Richard Liuwehert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Richard coeurdelion g.jpg|thumb|''Ofbyld út de 12e iuw'']]
[[Ofbyld:Richard1TombFntrvd.jpg|left|thumb|250px|''Tombe yn Fontevraud'']]
'''Richard I Liuwenhert''' of '''Richard I fan Ingelân''' ([[Ingelsk]] en [[Frânsk]]: ''Richard Cœur de Lion'', Ingelsk ek wol: ''Lionhearted'') ([[Oxford]], [[8 septimber]] [[1157]] – [[Châlus]] by [[Limoges]] ([[Frankryk]]), [[6 april]] [[1199]]) wie kening fan [[Keninkryk Ingelân|Ingelân]] fan [[1189]] oant [[1199]]. Hy wie de twadde soan fan [[Hindrik II fan Ingelân|Hindrik II]] en [[Eleonora fan Akwitaanje]].

Richard waard yn 1172 hartoch fan [[Akwitaanje]]. Tusken him en syn bruorren wie wat striid, en ek kamen se gauris yn opstân tsjin harren heit. Doe't Richard nei de dea fan syn âldere broer yn 1183 beneamd waard as troanopfolger bûn hy opnij de striid oan mei syn heit, omdat hy syn mem har Akwitaanje ôfstean moast doe't hy kroanprins wurden wie. Hy wist dêrby de steun te krijen fan kening [[Filips II fan Frankryk]].
Line 13 ⟶ 14:

Nei syn weromkommen yn Ingelân wist hy syn broer Jan te ûnderwerpen en naam it keningskip wer oer. Richard wie fan de tsien jier fan syn keningskip yn totaal net mear as 10 moannen yn Ingelân. Oant 1198 fierde hy fierder oarloch tsjin Frankryk. By it belis fan it kastiel Châlus-Chabrol yn Limousin waard hy troch in pylk yn syn skouder troffen en rekke dêrtroch deadlik ferwûne. Hy waard opfolge troch [[Jan sûnder Lân]].

[[Ofbyld:Richard1TombFntrvd.jpg|left|thumb|250px|''Tombe yn Fontevraud'']]
Richard syn harsens binne begroeven yn de Abdij fan Charroux yn Poitou, syn hert yn de [[Katedraal Notre-Dame yn Rouen|katedraal fan Rouen]] yn Normandje en de rest fan syn lichem is bysetten, oan de fuotten fan syn âlden, yn de [[Abdij fan Fontevraud]] yn Anjou.

== Stambeam ==
{| class="wikitable" style="text-align: center;"
|+'''De foarâlden fan Richard I fan Ingelân'''

| rowspan="8" | '''Richard I fan Ingelân'''
(1157-1199)
| rowspan="4" | '''Heit:'''
[[Hindrik II fan Ingelân]]
(1133-1189)
| rowspan="2" | '''Pake:'''
[[Godfried V fan Anjou]]
(1113-1151)
| '''Oerpake:'''
[[Fulco V fan Anjou]]
(1091-1143)

| '''Oerbeppe:'''
[[Ermengarde fan Maine]]
(1096-1126)

| rowspan="2" | '''Beppe:'''
[[Mathilde fan Ingelân]]
(1102-1167)
| '''Oerpake:'''
[[Hindrik I fan Ingelân]]
(1068-1135)

| '''Oerbeppe:'''
[[Mathilde fan Skotlân]]
(1079-1118)

| rowspan="4" | '''Mem:'''
[[Eleonora fan Akwitaanje]]
(1122-1204)
| rowspan="2" | '''Pake:'''
[[Willem X fan Akwitaanje]]
(1099-1137)
| '''Oerpake:'''
[[Willem IX fan Akwitaanje]]
(1071-1126)

| '''Oerbeppe:'''
[[Filippa fan Toulouse]]

| rowspan="2" | '''Beppe:'''
[[Aenor fan Chatellerault]]

| '''Oerpake:'''
[[Aimery I fan Châtellerault]]

| '''Oerbeppe:'''
[[Amalberga]]

{{Commonscat|Richard I of England}}