Oezzia fan Juda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Rigel 1:
[[File:Ozias-Uzziah.jpg|thumb|300px|Kening Oezzia fan Juda]]
'''Oezzia''' ([[Hebriuwsk]]: עוזיהו; ek (yn it [[bibel]]boek 2 Keningen 15) '''Azarja''' neamd) wie kening fan it [[keninkryk Juda]] fan ± [[811 f.Kr.]] oant [[759 f.Kr.]]
 
Oezzia waard yn de âldens fan sechtjin jier kening fan it ryk en regearre likernôch 52 jier. De profeet [[Sekarja (profeet)|Sekarja]] hie grutte ynfloed op de kening en sa lang't de profeet libbe die de kening "sa't de Heare it hawwe woe". Kening Oezzia hie in soad oansjen, hy ûnderhold in goede relaasje mei kening [[Jerobeäm II fan Israel|Jerobeam II]], wûn oarlogen tsjin de Filistinen, Arabieren en Meûniten en wist syn lân sterk te meitsjen troch it ferbetterjen fan de muorren om Jeruzalim hinne en de bou fan wachttuorren yn de woastyn. Ek modernisearre de kening it leger, dat er foarseach fan goede wapens. Foar de tuorren fan Jeruzalim liet Oezzia fernimstige masjines ûntwerpe, om oer grutte ôfstân pylken en stiennen fuort te slingerjen. Kening Oezzia boude Elat wer op en foege it plak wer by syn ryk. De kening seach it belang yn fan it boerebedriuw en liet ferskate foarsjennings oanlizze om de agrikultuer te ferbetterjen. <ref> 2 Kroniken 26:1-15</ref>