Seksuele oantaasting: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + kat
L offisjeel
Rigel 1:
'''Seksuële oantaasting''' ([[Nederlânsk]]: ''aanranding''; folútoffisjeel: ''aanranding der eerbaarheid'') is in [[misdriuw]] wêrby't men immen tsjin dyjinge syn wil twingt om in [[ûntucht]]ige hanneling te ûndergean of te ferrjochtsjen. Gauris komt it dêrby del op it oanreitsjen of oanreitsje litten fan 'e [[geslachtsorgaan|geslachtsdielen]], mar ek immen tútsje of jin tútsje litte troch immen sûnder dat dyjinge dat wol, falt ûnder seksuële oantaasting. De grins mei [[ferkrêfting]] leit oer it algemien by it binnenkringen fan it lichem fan it slachtoffer of it twingen fan it slachtoffer om jins eigen lichem binnen te kringen. Sadwaande foel in [[tongtút]], wêrby't men ommers mei de tonge it lichem fan 'e oare binnengiet, foarhinne neffens de [[Nederlân]]ske wet ek ûnder ferkrêfting, mar sûnt maart [[2013]] wurdt foar dat relatyf ûnskuldige fergryp in útsûndering makke, en falt tongtútsjen ûnder seksuële oantaasting. Der stiet yn Nederlân op seksuële oantaasting op syn heechsten acht jier finzenisstraf.
 
It [[Iepenbier Ministearje]] besiket soms om ek saken wêrby't gjin fysyk kontakt plakfûn hat ûnder seksuële oantaasting te beflappen. As bygelyks in frou [[topless]] op it strân of neaken yn in [[dûs]]romte [[fotografy|fotografearre]] wurdt, al of net mei in [[ferburgen kamera]], dan wurdt somtiden redenearre dat it slachtoffer sasear kwetst wurdt yn har [[seksueel skamtegefoel]], dat dêrtroch de hanneling ûnder seksuële oantaasting falle soe. Ek sûnder in ferklearring fan it slachtoffer, bygelyks om't dy anonym bleaun is, soe soks oannommen wurde kinne, mei't hja troch de feitlikheid fan it meitsjen fan 'e foto twongen is ta it duldzjen fan sa'n soarte hanneling. Dit is lykwols gjin útmakke saak, en der rinne noch prosessen oangeande de fraach wannear't in hanneling seksuële oantaasting ymplisearret. De ferdigening soe yn it boppeneamde foarbyld bygelyks oanfiere kinne dat [[foyeurisme]] in grouwélige oantaasting fan 'e [[privacy]] is, mar gjin seksuële oantaasting.