Tiidreizgjen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 1:
'''Tiidreizgjen''' is it konsept dat eat of immen him bewege kin tusken twa ferskillende punten yn 'e [[tiid]], krekt sa't men jin bewege kin tusken twa ferskillende punten yn 'e [[romte]]. Om't men dêrby altyd yn it [[hjoed]] begjinne moat (want de tiid dêr't men yn libbet is ommers altyd it hjoed) besteane der twa farianten fan tiidreizgjen: it tebekreizgjen yn it [[ferline]] en it foarútreizgjen yn 'e [[takomst]]. Tiidreizgjen is in standertgegeven yn in oansjenlik diel fan 'e [[literatuer|literêre sjenres]] fan 'e [[science fiction]] en de [[fantasy (sjenre)|fantasy]]. Yn 'e science fiction wurdt tiidreizgjen ornaris oannimlik makke troch der in [[technology]]sk [[apparaat]] of [[fehikel]] foar te brûken, wylst it yn 'e fantasy faak berêst op in [[magy]]ske [[poarte]] dy't bygelyks foarme wurde kin troch in [[stien]]sirkel lykas [[Stonehenge]].
 
It idee fan tiidreizgjen waard yn [[1895]] foar it earst popularisearre troch de [[novelle]] ''[[The Time Machine]]'', fan 'e [[Ingelân|Ingelske]] [[skriuwer]] [[H.G. Wells]]. Oare bekende foarbylden út 'e [[literatuer]] binne bgl. it [[koart ferhaal|koarte ferhaal]] ''Rip Van Winkle'', fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] auteur [[Washington Irving]], wêryn't de haadpersoan by fersin tweintich jier 'sliept' en sa nei de takomst reizget, en de ''Outlander''-[[roman]]searje fan 'e Amerikaanske skriuwster [[Diana Gabaldon]], wêryn't in [[20e iuw|tweintichste-iuwske]] [[frou]] fia in magyske poarte yn it [[Skotlân]] fan [[1745]] bedarret. Yn har [[Thessaly (trilogy)|''Thessaly''-trilogy]] makket De [[Kanada|Kanadeeske]] skriuwster [[Jo Walton]] ek yngeand gebrûk fan tiidreizgjen. Yn har [[tankbetsjûging]] by it lêste diel, ''[[Necessity]]'', fertelt se oer de problemen dy't dat foar har opsmiet by it skriuwen fan it boek. Hja riedt har lêzers sadwaande oan: "''Sis gewoan nee tsjin tiidreizgjen. Je tinke dat it al je problemen oplosse sil, mar úteinlings sitte je mei al deselde problemen, mei as iennichste ferskil dat dy alhiel fertize sitte yn 'e tiid.''"<ref>{{Aut|Walton, Jo}}, ''Necessity'', New York, 2016 (Tor Books), ISBN 978-0 76 53 79 023, s. 333.</ref>
 
Hoewol't tiidreizgjen yn [[fiksje]] en ek yn 'e [[filosofy]] in erkend idee is, kin it yn 'e [[teory|teoretyske]] [[natuerkunde]] mar tige beheind [[wittenskip]]lik ûnderboud wurde. De ûnderbouwing dy't er is, stipet benammen op [[kwantumeganika]] of [[wjirmgat|Einstein-Rosenbrêgen]]. Los dêrfan is 'tiidreizgjen' yn 'e sin fan ienrjochtingsferkear nei de takomst fia [[tiiddilataasje]] in bewiisd natuerkundich ferskynsel. Dêrby soe de bemanning fan in [[romteskip]] 'foarút nei de takomst reizgje' om't de tiid ûnder beskate omstannichheden oan board fan it skip stadiger giet as op in [[planeet]]. Om in romteskip in ôfstân fan ienige betsjutting yn 'e takomst op reizgje te litten, moat it lykwols in [[faasje]] ûntwikkelje dy't deunby de fluggens fan it [[ljocht]] leit, en dat is totaal ûnmooglik mei it technologyske ûntwikkelingsnivo sa't dat hjoed de dei bestiet.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
----
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Time_travel ''Notes'' en ''Bibliography'', op dizze side].
}}