Famylje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L flauwe kul fuort
red hiele side (fral oanfolling)
Rigel 1:
[[File:Parents_with_child_Statue_Hrobakova_street_Bratislava.JPG|thumb|right|250px|In [[stânbyld]] fan twa [[âlden]] mei in [[bern (persoan)|bern]] yn [[Bratislava]].]]
[[File:Family by Edwina Sandys.JPG|thumb|''Family''.]]
In '''famylje''' (fan it [[Latyn]]ske ''familia'') is in netwurk fan [[ynterpersoanlike relaasje]]s op basis fan [[besibskip]] troch [[ôfstamming]], [[houlik]], [[pleechsoarch]] of [[adopsje]], dy't yn alle [[minske|minsklike]] [[kultuer]]en de grûnslach fan 'e [[maatskippij]] foarmet. Alle famyljes kinne opdield wurde yn twa helten: de kearnfamylje, better bekend as it [[gesin]], dat bestiet út [[âlden]] en harren [[bern (persoan)|bern]], en de bredere famylje (ta ûnderskie soms oantsjut mei de [[Ingelsk]]e term ''[[extended family]]''), dêr't ek [[pake]]s en [[beppe]]s, [[omke]]s en [[muoike]]s, [[neef|neven]] en [[nicht]]en, ensfh. ta rekkene wurde.
[[File:Besibskip.PNG|left|thumb|450px|Besibskipsrelaasjes yn in [[famylje]].]]
 
Fierders binne der beskate soarten famyljes. De [[skoanfamylje]] of oantroude famylje is dat part fan 'e famylje dêr't men inkeld mei besibbe is fia it [[houlik]] mei jins [[oarehelte|man of frou]]. Hjirby giet it dus eins om 'e famylje fan dy man of frou, en net om jins 'eigen' ([[biology]]ske) famylje. De leden fan in [[styffamylje]] binne lju dêr't men mei besibbe is fia de houliksbân fan ien fan jins âlden, dy't dan yn 'e regel sletten is nei jins eigen [[berte]] út in eardere [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]]. [[Healbroer|Healbruorren]] en [[healsuster|-susters]] binne bern dy't ien (mar net de oare) fan 'e beide âlden mei jinsels gemien hawwe. In [[pleechfamylje]], ta einbeslút, is in famylje dêr't men yn [[adopsje|oannommen]] is, mar dêr't men fierder alhiel gjin ôfstammingsbesibskip mei hat.
In '''famylje''' is de sosjale basisrelaasje dy't yn alle [[kultuer]]en foarkomt. In famylje bestiet út alle sibben fan in húshâlding. It wichtichste doel fan soksoarte famyljes is gearwurking en ûnderlinge stipe, bygelyks troch it mei-inoar [[grutbringen]] fan [[bern (sibskip)|bern]].
 
Yn 'e measte maatskippijen is de famylje in gearwurkingsferbân dêr't de leden troch ûnderstipe wurde, bygelyks op it mêd fan it [[opfieding|grutbringen]] fan bern. Op dat mêd wurde kearnfamyljes of gesinnen troch de [[antropology]] klassifisearre neigeraden wa't de opfieding of it grutste part dêrfan ferfollet. Sa sprekt men fan in [[matrifokaal gesin]] as de bern grutbrocht wurde troch de mem en fan in [[patrifokaal gesin]] as de bern grutbrocht wurde troch de heit. In 'normaal' [[gesin]], wêryn't de bern fersoarge wurde troch de heit en mem tegearre, wurdt oantsjut as konjugaal (fan it Ingelske ''conjugal'', in [[eigenskipswurd]] dat ferwiisd nei it [[houlik]]). As de bern grutbrocht wurde troch pake en beppe, in pake of in beppe of in omke of muoike, sprekt men fan in [[avunkulêr gesin]].
{{Stobbe}}
 
[[Geslachtsferkear]] en [[seks|seksuële relaasjes]] tusken leden fan ien famylje ûnderling wurde ornaris beskôge as [[ynsest]] en binne yn 'e measte kultueren [[taboe]]. De útsûndering dêrop is fansels it [[houlik]] tusken [[oarehelte|man en frou]]. Soms wurde ek relaasjes tusken (efter)neven en (efter)nichten tastien. Yn it [[Alde Egypte]] wie it wenst dat de [[farao|farao's]] mei harren eigen suster trouden, al wie dat in útsûndering yn 'e Aldegyptyske kultuer, om't de farao's as [[god|goaden]] beskôge waarden, dy't dêrom net mei sljochtwei folk trouwe koene. De tûke fan 'e [[wittenskip]] dy't him taleit op it ûndersyk nei (ôfstamming)srelaasjes binnen famyljes, hjit de [[geneälogy]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Family ''Notes and references'' en ''Bibliography'', op dizze side].
----
{{commonscat|Families}}
}}
 
{{Berjocht:Besibskip}}
 
{{DEFAULTSORT:Familje}}
[[Kategory:Besibskip]]
[[Kategory:Famyljerelaasje| ]]
[[Kategory:Genealogy]]
[[Kategory:Maatskippij]]
[[Kategory:Minske]]
[[Kategory:Lienwurd út it Latyn]]