Heit: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L red
Rigel 2:
In '''heit''' is in [[man (sekse)|man]] of [[mantsje]]sbist mei [[neiteam]]. Dit is in foarm fan [[earstegraads besibskip]]. By de [[minske]] wurdt sokke neiteam spesifiker oantsjut as (ien of mear) [[bern (persoan)|bern]], dat sawol [[jonge]]s as [[famke]]s wêze kinne. As it om in jonge giet, sprekt men fan in [[soan]], en as it om in famke giet, fan in [[dochter]]. By [[bist]]en wurdt ornaris de algemiene term 'jongen' oanholden, sûnder fierder ûnderskie te meitsjen tusken de [[geslacht (sekse)|geslachten]]. De [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] tusken in heit en syn bern wurdt oantsjut as it '''heitwêzen''', en ek wol as de '''heitesteat''' of '''paterniteit'''. De [[jier]]likse [[feestdei]] dêr't it heitwêzen op fierd wurdt, hjit [[Heitedei]]. In [[poppenamme]] foar in heit is yn it [[Frysk]] '''heity'''. Yn wurdferbinings komt fierders de [[argaïsme|argayske foarm]] '''faar''' noch wol foar (lykas yn '[[aartsfaar]]'). It [[eigenskipswurd]] dat ferwiist nei de heit is '''heite-''', '''heitich''' of '''paternaal'''.
 
De [[frou]]like wjergader fan 'e heit is de [[mem]]. Heit en mem wurde tegearre de [[âlden]], [[âldelju]] of [[âlders]] neamd, en foarmje mei harren bern in [[famylje (besibskip)|famylje-ienheid]] dy't it [[gesin]] neamd wurdthjit, en dy't faak beskôge wurdt as de basisienheid fan 'e [[minske|minsklike]] [[maatskippij]]. De bân tusken in heit en syn bern is almeast ien fan [[besibskip]], wêrby't de heit de mem troch it hawwen fan [[geslachtsferkear]] [[swierwêzen|swiermakke]] hat yn in [[biology]]sk proses dat [[fuortplanting]] neamd wurdt. Om dizze gong fan saken te ûnderskieden fan oare foarmen fan 'e heitesteat, wurde sokke heiten ek wol '''biologyske heit''' neamd. Oars as dat by de biologyske mem it gefal is, kin de rol fan 'e biologyske heit yn ferhâlding ta syn neiteam al by it geslachtsferkear mei de mem, it saneamde [[oansetten]], einigje. Benammen by in protte [[soarte]]n bisten is dat it gefal, mar ek by de minske komt it net selden foar dat de man syn relaasje mei in frou beëiniget sadree't se swier rekket, en har fierders foar it [[opfieding|grutbringen]] fan syn bern opdraaie lit.
 
As de heit yn sokke gefallen of om oare redens (lykas [[ferstjerren]], [[sykte]] of [[skieding (houlik)|skieding]] fan 'e mem) net oan 'e opfieding fan syn bern dielnimme kin of wol, is it mooglik dat syn bern hielendal troch de mem grutbrocht wurde; men sprekt dan fan in [[allinnichsteande mem]]. Oan 'e oare kant komt it ek wolris foar dat in heit allinne de bern opfiedt, faak nei it ferstjerren fan 'e mem. Dan sprekt men fan in [[allinnichsteande heit]]. It kin ek dat it plak fan 'e heit nei de beëiniging fan syn relaasje mei de mem hielendal of foar in diel oernommen wurdt troch de nije [[oarehelte|man]] of [[freon]] fan 'e mem. Dy wurdt dan de [[styfheit]] neamd. As bern ûnderbrocht wurde by lju dêr't se hielendal gjin [[famylje (besibskip)|famyljebân]] mei hawwe, is de heit in [[pleechheit]], of, as der in formele [[adopsje]] plakfûn hat, in [[adopsjeheit]]. Yn 'e praktyk wurde alle neamde soarten heiten troch de bern faak gewoan 'heit' neamd. Fierders wurdt de heit fan jins [[oarehelte]] oantsjut as in [[skoanheit]].