Ferskil tusken ferzjes fan "Pake"

2.383 bytes grutter ,  3 jier lyn
red hiele side + oanf
(red hiele side + oanf)
[[OfbyldFile:Heidi and her grandfather.jpg|thumb|<small>right|180px|[[Heidi (fiktyf personaazje)|Heidi]] en har pake</small>.]]
In '''pake''' of ([[argaïsme|argaysk]]) '''oareheit''' (útspr. mei [[nijere brekking|brekking]] yn it earste [[wurdlid]]: [warə'hɔit] of [warə'hɛit], "ûarreheit") is in [[man (sekse)|man]] mei in [[soan]] of [[dochter]] dy't sels [[bern (persoan)|bern]] hat, of, beskreaun fanút it eachpunt fan sokke [[bernsbern]] (of pakesizzers), de [[heit]] fan ien fan jins [[âlden]]. Dit is in foarm fan [[twaddegraads besibskip]]. It [[eigenskipswurd]] dat by 'pake' heart, is '''pakich''' of '''pake-eftich'''. De [[frou]]like wjergader fan in pake is in [[beppe]]. Tegearre foarmje [[pake en beppe]] in [[generaasje]] yn in [[minske|minsklike]] [[famylje (besibskip)|famylje]]. Fanút it eachpunt fan 'e pakesizzers besjoen is de heit fan in pake de '''oerpake''', en dy syn heit de '''betoerpake''' of '''oeroerpake''' (sjoch fierder de [[list fan beneamings foar generaasjes]]). It [[foarheaksel]] "bet-" yn "betoerpake" komt fan "better", "mear".<ref>{{Aut|Vries, Jan de, en Tollenaere, F. de}}, ''Etymologisch Woordenboek'', Utert, 2004 (Het Spectrum), ISBN 9 02 74 91 992.</ref>
In '''pake''' is in man mei in [[bernsbern]]. Dit kin in [[Bern (jeugd)|bern]] wêze fan syn [[soan]] of fan syn [[dochter]].
 
Yn in bredere betsjutting kin de beneaming 'pake' ek brûkt wurde (as ferwizing nei of as [[oansprektitel]] foar) eltse willekeurige âldman. As oansprektitel is it tige familiêr, en de toan fan 'e útspraak bepaalt dêrby oft it [[freon]]lik of [[hún]]jend bedoeld wurdt, want it kin in [[poppenamme]] wêze foar in âldere man mei wa't men befreone is en foar wa't men in protte [[respekt]] hat, mar it kin ek bedoeld wêze as [[mislediging]] wêrby't de oandacht fêstige wurdt op 'e [[âlderdom]] fan 'e man yn kwestje. Fierders is 'pakepong' in ferâldere útdrukking foar de [[oerheid]] (fanwegen [[belesting]]heffing, wêrby't jins [[jild]] dus yn 'e grutte [[ponge]] ferdwynt). Krektsa wurdt mei 'pake syn pakhús' de [[finzenis]] bedoeld.
It wurd pake wurdt ek wol as poppenamme brûkt foar in feroale, âlder persoan, dêr't men in soad respekt foar hat. Mar pake kin ek in beledigjende term wêze foar in man waans hâlden en dragen neffens de sprekker ûnhandich en behyplik is.
''Pakepong'' is in eardere útdrukking foar de oerheid, mei ''Pake syn pakhús'' wurdt in finzenis bedoeld.
 
Yn prinsipe hat eltse pakesizzer twa pakes. It kin fansels wêze dat dat net sa is om't ien fan beiden al [[ferstoarn]] is. En trochdat it sûnt de ynfiering fan it [[homohoulik]] ynboargere rekke is dat [[homoseksualiteit|homo's]] en [[lesbiënne]]s [[gesin]]nen stiftsje, sil de fanselssprekkendheid fan it hawwen fan twa pakes meitiid grif feroarje. Om 'e beide pakes útinoar te hâlden, wurdt yn 'e regel troch de pakesizzer sels of op inisjatyf fan dy syn/har âlden in ekstra oantsjutting tafoege. Dêrby kin it gean om 'e [[foarnamme]] fan pake ("pake Willem" en "pake Drewes") of om 'e [[efternamme]] ("pake De Vries" en "pake Visser"). Ek kin it ûnderskie lykwols makke wurde troch net drekt foar de hân lizzende saken, lykas it wenplak ("pake Wier" en "pake Terherne"), in bysûnderheid dy't de pakesizzer oan pake opfallen is ("pake stôk" en "pake burd") of it feit dat der mar ien pake is fan wa't de [[oarehelte|frou]] noch libbet ("pake fan beppe"). In oare praktyske oplossing kin wêze om nei ien pake te ferwizen as "pake" en nei de oare as "opa", benammen as it dêrby om in [[Hollân]]ske pake giet.
== Underskied ==
As in bern twa pakes hat krije dy, om se út elkoar te hâlden, faak in ekstra oantsjutting. Dat kan kin de foarnamme fan de pake (''pake Drewes'') of de efternamme fan de pake (''Pake de Vries''), de stêd, it doarp of gea dêr't de beppe wennet (''Pake Wâlden'') of in bysûnderheid dy't it bern opfallen is (''pake stôk'').
 
== Sjoch ek ==
* [[Beppe]]
 
== Keppeling om utens==
{{Wikiwurdboek|pake}}
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
----
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://nl.wikipedia.org/wiki/Grootvader ''Bronnen, noten en/of referenties'', op dizze side].
----
{{commonscat|Grandparents}}
}}
 
{{Berjocht:Besibskip}}
 
[[Kategory:Famyljerelaasje]]