Ferskil tusken ferzjes fan "Beppe"

2.748 bytes grutter ,  3 jier lyn
red hiele side + oanf
(red hiele side + oanf)
[[OfbyldFile:Taste-testing the cookie dough with Grandm.jpg|thumb|''right|230px|In beppe bakt koekjes[[koek]]jes metmei har [[beppesizzer'']].]]
In '''beppe''' of '''oate''' is in [[frou]] mei in [[soan]] of [[dochter]] dy't sels [[bern (persoan)|bern]] hat, of, beskreaun fanút it eachpunt fan sokke [[bernsbern]] (of beppesizzers), de [[mem]] fan ien fan jins [[âlden]]. Dit is in foarm fan [[twaddegraads besibskip]]. It [[eigenskipswurd]] dat by 'beppe' heart, is '''beppich''' of '''beppe-eftich'''. De [[man (sekse)|manlike]] wjergader fan in beppe is in [[pake]]. Tegearre foarmje [[pake en beppe]] in [[generaasje]] yn in [[minske|minsklike]] [[famylje (besibskip)|famylje]]. Fanút it eachpunt fan 'e beppesizzers besjoen is de mem fan in beppe de '''oerbeppe''', en dy har mem de '''betoerbeppe''' of '''oeroerbeppe''' (sjoch fierder de [[list fan beneamings foar generaasjes]]). It [[foarheaksel]] "bet-" yn "betoerbeppe" komt fan "better", "mear".<ref>{{Aut|Vries, Jan de, en Tollenaere, F. de}}, ''Etymologisch Woordenboek'', Utert, 2004 (Het Spectrum), ISBN 9 02 74 91 992.</ref>
In '''beppe''' is in frou mei in [[Bernsbern|beppesizzer]] of beppesister. Dat kin in [[Bern (jeugd)|bern]] wêze fan har soan of fan har [[dochter]]. De mem fan beppe wurdt âlde beppe neamd.
 
Yn in bredere betsjutting kin de beneaming 'beppe' ek brûkt wurde (as ferwizing nei, sawol as [[oansprektitel]] foar) elts willekeurich âldwyfke. As oansprektitel is it tige [[familiêrens|familiêr]], en de toan fan 'e útspraak bepaalt dêrby oft dat [[freon]]lik of [[hún]]jend bedoeld wurdt. It kin nammentlik sawol in [[poppenamme]] wêze foar in frou op jierren mei wa't men befreone is en foar wa't men in protte [[respekt]] hat, as bedoeld wêze as [[mislediging]] wêrby't de oandacht fêstige wurdt op 'e [[âlderdom]] fan 'e frou yn kwestje. Fierders wurdt in [[famke]] dat al jong te wrâldwiis oandocht, wol in 'bepke' neamd.
== Underskied ==
As in bern twa beppen hat krije dy, om se út elkoar te hâlden, faak in ekstra oantsjutting. Dat kan kin de foarnamme fan de beppe (''beppe Detsje'') of de efternamme fan de beppe (''Beppe Stoker''), de stêd of it doarp dêr't de beppe wennet (''Beppe Terherne'') of in bysûnderheid dy't it bern opfallen is (''beppe krolspjelde''). In oare (praktyske) oplossing is de iene "beppe" te neamen, en de oare "opoe".
 
Yn prinsipe hat eltse beppesizzer twa beppes. It kin fansels wêze dat dat net sa is om't ien fan beiden al [[ferstoarn]] is. En trochdat it sûnt de ynfiering fan it [[homohoulik]] ynboargere rekke is dat [[homoseksualiteit|homo's]] en [[lesbiënne]]s [[gesin]]nen stiftsje, sil de fanselssprekkendheid fan it hawwen fan twa beppes meitiid grif feroarje. Om 'e beide beppes útinoar te hâlden, wurdt yn 'e regel troch de beppesizzer sels of op inisjatyf fan dy syn/har âlden in ekstra oantsjutting tafoege. Dêrby kin it gean om 'e [[foarnamme]] fan beppe ("beppe Lys" en "beppe Detsje") of om 'e [[efternamme]] ("beppe Stoker" en "beppe Folkertsma"). Ek kin it ûnderskie lykwols makke wurde troch net drekt foar de hân lizzende saken, lykas it wenplak ("beppe Wier" en "beppe Terherne"), in bysûnderheid dy't de beppesizzer oan beppe opfallen is ("beppe krolspjelde" en "beppe bril") of it feit dat der mar ien beppe is fan wa't de [[oarehelte|man]] noch libbet ("beppe fan pake"). In oare praktyske oplossing kin wêze om nei ien beppe te ferwizen as "beppe" en nei de oare as "oate", of, as it om in [[Hollân]]ske beppe giet, as "''oma''" of "''opoe''".
In famke dat jong te wrâldwiis oandocht wurdt wol in 'bepke' neamd. Bepke wurdt ek brûkt yn de algemiene oantsjutting fan in âld wyfke: 'in âld bepke komt de bus út'.
 
De beppe dy't it [[wrâldrekôr]] yn 'e hannen hat de jongste beppe fan 'e wrâld te wêzen, is Rifca Stănescu, in [[Roma (folk)|Roma]]-[[famke]] út [[Roemeenje]], dat mei 12 jier har earste bern te wrâld brocht, in famke dat Maria kaam te hjitten. Dy Maria brocht sels yn [[2011]] har earste bern te wrâld, doe't se 11 jier wie, wêrmei't Rifca mei 23 jier beppe waard.<ref>[http://www.foxnews.com/health/2011/03/07/woman-23-worlds-youngest-grandmother/ ''Woman, 23, Becomes World's Youngest Grandmother'', op ''Fox News'', 7 maart 2011]</ref>
== Sjoch ek ==
 
* [[Pake]]
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
----
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://nl.wikipedia.org/wiki/Grootmoeder ''Bronnen, noten en/of referenties'', op dizze side].
----
{{commonscat|Grandparents}}
}}
 
{{Berjocht:Besibskip}}
 
[[Kategory:Famyljerelaasje]]