Styffamylje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L noch wat
Rigel 1:
'''Styffamylje''' is in oerkoepeljende beneaming foar dy leden fan in [[gesin]] of [[famylje (besibskip)|famylje]] dy't gjin [[besibskip]]srelaasje troch [[ôfstamming]] mei-inoar hawwe, mar inkeld fia it [[houlik]] (of yn bredere sin de [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]]) fan 'e [[âlden]] fan it oangeande gesin oaninoar besibbe binne. Dat is in sitewaasje dy't foarkomt as in [[heit]] of [[mem]] mei ien of mear [[bern (persoan)|bern]] út in eardere relaasje in nije relaasje oangiet mei in oare [[oarehelte|partner]]. De nije partner wurdt oantsjut as de '''styfâlder'''. As it in [[man (sekse)|man]] is, wurdt hy foar de bern harren '''styfheit'''; is it in [[frou]], dat wurdt hja harren '''styfmem'''. Oarsom wurde de bern foar him of har '''styfbern''', en ôfhinklik fan harren [[geslacht (sekse)|geslacht]] '''styfsoan''' of '''styfdochter'''. Fanút it eachpunt fan 'e [[biologyske âlder]] fan 'e bern wurde bern út in eardere as de hjoeddeiske relaasje '''foarbern''' neamd, nei geslacht spesifisearre as in '''foarsoan''' of in '''foardochter'''. Styfmemmen lizze by lju dy't út eigen ûnderfining net mei it ferskynsel 'styffamylje' te meitsjen hân hawwe, op in minne namme troch it [[literatuer|literêre]] foarkommen fan it personaazje fan 'e 'boaze styfmem' yn wrâldferneamde [[mearke]]s as ''[[Sniewytsje]]'' en ''[[Jiskepûster]]''. Yn it ferlingde dêrfan wurdt de oantsjutting 'styfbern' wol [[sprekwurd]]lik brûkt foar ien dy't oan 't krapperein komt of eat dat ferwaarleazge wurdt.
 
Foarhinne kaam in styfâlder benammen foar nei it [[ferstjerren]] fan in eardere [[houlik]]spartner, wêrnei't de [[widner]] of [[widdo]] in nij houlik oangie. Foar froulju wie de driuwfear dêrfoar faak dat hja sels gjin [[ynkommen]] hiene en in [[oarehelte|man]] nedich wiene om har en harren bern te ûnderhâlden, wylst manlju yn 'e regel wertrouden om't harren bern út 'e eardere relaasje ferlet hiene fan in mem om 'e [[opfieding]] ter hân te nimmen. Sûnt de midden fan 'e [[tweintichste iuw]] is yn 'e Westerske [[maatskippij]] lykwols it ferskynsel [[skieding (houlik)|skieding]] folslein ynboargere rekke, mei as gefolch dat [[brutsen gesin]]nen fan [[allinnichsteande âlder]]s mei harren bern no folle mear foarkomme. Sadwaande is ek it tal skieden âlders tanommen dat wertrout of in nije relaasje mei in oare partner oangiet, en dêrmei dus it foarkommen fan styffamyljes. Soms is dêrby sprake fan [[styfâlderadopsje]], wêrby't de styfâlder syn of har styfbern formeel [[adopsje|adoptearret]], sadat der in [[wet]]like bân tusken harren ûntstiet. Soks wurdt meastal dien as in soarte fan fersekering: as der wat mei de biologyske âlder barre soe, ferliest de styfâlder nammentlik alle sizzenskip oer de opfieding fan syn of har styfbern as hy of sy dy net adoptearre hat.