Grigori Raspûtin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L oare data
L st
Rigel 2:
'''Grig<u>o</u>ri Jef<u>i</u>movitsj Rasp<u>û</u>tin''' ([[Pokrovskoje]], [[22 jannewaris]] [[1869]] - [[Sint-Petersburch|Petrograd]], [[30 desimber]] [[1916]]) wie in [[Ruslân|Russyske]] [[muonts]] en [[yntrigant]]. Hy kaam oarspronklik út in boerefamylje yn it distrikt [[Tjoemen]] yn [[Sibearje]].
 
Hy wurdt betiden de 'gekke muonts' neamd, mar it wie gjin geheim dat er troud wie en oaren neamden him in religieuze [[pilgrim]] en [[GebedsgenezingGebedsgenêzing|gebedsgenezergebedsgenêzer]]. Hy spile in wichtige rol oan it hof fan de lêste Russyske tsaar [[Nicolaas II fan Ruslân|Nicolaas II]] en hie dêrtroch direkt of yndirekt mei ynfloed op de fal fan it [[tsaar|tsarisme]] en de opkomst fan it [[bolsjewisme]].
[[File:Raspoutine et ses enfants.jpg|thumb|left|175px|Raspûtin mei syn bern]]
Oer him giet it ferhaal dat er troch de himmelse mem oanrekke wêze soe en frege wie om njonken it bêd te ferskinen fan de jonge tsarevitsj [[Aleksej Nikolajevitsj fan Ruslân|Aleksej]] om syn blieden te stopjen. Dat blieden waard feroarsake troch de stollingssyktestjurringssykte [[hemofily]] dêr't bliedingen yn it yngewant by ûntstean kinne dy't net op tiid stoppe wurde kin. By sa'n blieding litte de tsarevitsj earnstige pine en ôfhinklik fan wêr't de blieding wie, koe de jonge him net goed bewege. Dat wie ek de reden dat er faak in skoft net rinne koe. De prins hie dizze (erflike) sykte krigen troch syn mem, de beppesizzer fan [[Victoria fan it Feriene Keninkryk|keningin Victoria]], dy't draachster fan de sykte wie. As draachster hie sy de sykte sels net, mar koe him wol fia har [[gen]]en trochjaan oan har bern.
 
Doe't Raspûtin yn [[1905]] yn [[Sint-Petersburch]] arrivearre, kaam hy net fuortendaliks by de tsjarenfamylje terjocht; hy krige pas yn [[1907]] foar it earst kontakt mei de tsarina doe't er by har roppe waard. Syn oanwêzigens hie effekt op de jonge, want alle kearen as er ferskine fielde dy him fuort dêrnei in stik better. Raspûtin krige op dizze wize in grutte ynfloed op it hof en beskikte oer in grutte kloft bewûnderers.