Ferskil tusken ferzjes fan "Hludana-stien"

gjin bewurkingsgearfetting
[[Ofbyld:Hludana steen Fries Museum.jpg|thumb|De Hludana-stien.</br>Kolleksje [[Frysk Museum]]]]
De '''Hludana-stien''' is in monumintale votyfynskripsje dy't yn [[1888]] by ôfgravings fan in [[terp]] yn it [[Fryslân|Fryske]] doarp [[Bitgum]] fûn is. Oan de Latynske tekst is te sjen dat de ynskripsje datearret út it begjin fan de jiertelling. De Stien is wijd oan de goadinne [[Hludane|Hludana]].
 
De ynskripsje dêrop giet sa: (oerset út it [[Latyn]]): ‘''Oan de goadin Hludana ha de pachters fan de fiskerij, doe’t Quintus Valerius Secundus haadpachter wie, harren ûnthjit betelle, frijwillich en neffens fertsjinst.''’
 
== De goadinne Hludana ==
Hludana wie net allinnich in wichtige goadinne foar de [[Frisii]], mar ek yn gebieten by de rivier de [[Ryn]] lâns, bygelyks by [[Kalkar]], [[Ksanten]], en ek by oare folken. By de Ryn lâns binne noch fjouwer fan sokke ûnthjitstiennen fûn. It oprjochtsjen fan sokke stiennen stammet út de [[Romeinske Ryk|Romeinske tiid]], yn dy tiid waard dat fenomeen, sij it yn in oare foarm, yntrodusearre yn Frsyslân. De stiennen waarden net wijd oan de Romeinske goaden, mar oan de eigen goaden, wêrûnder Hludana dus. Dizze stien is de ienige ûnthjitstien dy't ea yn Fryslân fûn is.
 
Hludana wie net allinnich in wichtige goadinne foar de [[Frisii]], mar ek yn gebieten by de rivier de [[Ryn]] lâns, bygelyks by [[Kalkar]], [[KsantenXanten]], en ek by oare folken. By de Ryn lâns binne noch fjouwer fan sokke ûnthjitstiennen fûn. It oprjochtsjen fan sokke stiennen stammet út de [[Romeinske Ryk|Romeinske tiid]], yn dy tiid waard dat fenomeen, sij it yn in oare foarm, yntrodusearre yn Frsyslân. De stiennen waarden net wijd oan de Romeinske goaden, mar oan de eigen goaden, wêrûnder Hludana dus. Dizze stien is de ienige ûnthjitstien dy't ea yn Fryslân fûn is.
 
It wêzen fan de goadinne is net dúdlik: De Bitgumer stien leit in ferbân mei it fiskjen, wat Hludana in wettergoadinne meitsje soe. Der liket lykwols in sibskip te wêzen mei de Aldnoarske goadinne Hlodyn, in frou fan [[Weda]]. Yn oare ferhalen hjit deselde frou lykwols "Jord", oftewol "Ierde". Dat soe bestjutte dat hja in ierdgoadinne is. Mar Hlodyn wie ek de mem fan de god [[Tonger (god)|Tonger]]. De rol fan mem fan de tonger soe mear dy fan in loft-goadinne wêze, en yn dit ferbân is der wol op wiisd dat de namme besibbe wêze koe oan dy fan [[Holda]], de waar-goadinne.
4

bewurkings