Stedsgrêft (Snits): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Mysha (oerlis | bydragen)
→‎Middelrin: Ik haw de skiednis fan de hjoeddeiske Sylsterbrêge tafoegd.
Rigel 37:
Fan de Súdbrêge ûnder de ''Middelbrêge'' troch nei de ''Aaiebrêge'' rint de Stêdsgrêft tusken it ''Grutsân'' en it ''Grutsân'' troch troch de stêd nei it noarden. Dit part hjit yn de folksmûle ít ''Grutsân'', nei de beide kaden. Dit is nei alle gedachten in wetter dêr't Snits as hannelsstêd bylâns woeksen is.
 
By de Aaiebrêge, in oerklúsing dy't trije âldere brêgen ferfong dêr't de âlde ''Aaiebrêge'' der ien fan wie, giet ''de Wip'' nei it westen, en gong eartiids it wetter fan it Grutsân fierder nei it noarden. Yn de 19e iuw is dat lêste wetter lykwols oerkluze en it is no net langer tagonkelik. De ienichste fuortsetting is nei it easten, tusken de ''Sûpemerk'' en de ''Sûpemerk'' troch, wat yn 'e folksmûle ''Sûpemerk'' hjit, nei de beide kaden. Dan rint it wetter ûnder de ''Sylsterbrêge'' entroch, ek wer in oerklúsing dy't âldere brêgen ferfong: fjouwer brêgen dêr't de âlde ''ByskestegebrêgeSylsterbrêge'' trochder ien fan wie.
Fan dêr rint de grêft ûnder de ''Byskestegebrêge'' tusken ''Lytssân'' en ''Lytssân'' troch en draait stadich nei it noardwestennoardeasten, oant it troch de ''Lytssânsterpiip'' op de noardrin útkomt. Dit lêste part hjit yn 'e folksmûle nei de beide kaden it ''Lytssân''. Moochlik binne dizze parten fier yn it ferline groeven as tagong fan de huzen dy by de Himdyk lâns stienen. It Lytssân is earst by de útwreiding fan 1492 by de stêd kaam.
 
Troch de oerkluzings fan de Aaiebrêge en de Sylsterbrêge, en trochdat de kaden yn de rin fan de tiid útwreide binne wêrby it wetter smeller makke is, is de middelrin gjin gaadlik farwetter. As ''wetterstêd'' wurdt der troch Snits lykwols al nei sjoen hoe't dit ferbettere wurde kin.