Besibskip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Hjir moat ik moarn noch mar even nei sjen
red + oanf
Rigel 1:
[[OfbyldFile:Inupiat Family from Noatak, Alaska, 1929, Edward S. Curtis (restored).jpg|thumb|right|250px|EskimoIn famylje[[Inûyt]]-[[gesin]], [[Alaska]], [[1929]].<br><small>Foto: [[Edward S. Curtis]].</small>]]
{{Wurk}}
'''Besibskip''', '''sibskip''' of '''besibbens''' is it systeem fan 'e troch in [[kultuer]] erkende [[famylje (besibskip)|famylje]]relaasjes tusken [[minske]]n, dy't foar it meastepart ta stân komme op [[biology]]ske of [[genetika|genetyske]] wize, troch [[ôfstamming]] ([[bloedsibskip]]), en op [[maatskippij|sosjale]] wize, troch [[houlik]] ([[oansibskip]]) of [[adopsje]]. Foarbylden fan biologyske [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasjes]] binne dy tusken twa [[âlden]] en harren (troch it proses fan [[fuortplanting]] skepen) [[bern (persoan)|bern]], of tusken twa [[sibling]]s dy't bern fan deselde âlden binne, of tusken in [[omke]] en syn [[omkesizzer]] (it biologyske bern fan syn biologyske sibling). Foarbylden fan net-biologyske, mar al sosjaal oanfurde famyljerelaasjes binne dy tusken [[oarehelte]]n binnen it [[houlik]], tusken in [[styfâlder]] en in [[styfbern]], tusken [[skoanâlden]] en har [[skoansoan]] of [[skoandochter|-dochter]], of tusken [[adopsje-âlden]] en in [[oannommen bern]]. Besibskip is sadwaande mear in [[kultuer]]ferskynsel, dat útstiget boppe inkeld bloedsibskip.
 
Yn 'e [[antropology]] foarmet besibskip in wichtich mêd fan ûndersyk, mei't minsklike kultueren besibskipsrelaasjes ferskillend yndiele en ynterpretearje. Dêrby wurdt net eltse biologyske besibskip ek as sadanich kultureel erkend. By bloedsibskip troch ôfstamming wurdt ûnderskie makke tusken ôfstamming fia de [[heit]] (of [[patrilineêr]]e ôfstamming), en ôfstamming fia de [[mem]] (of [[matrilineêr]]e ôfstamming). Bloedsibben oan heitekant wurde dêrby [[agnaat|agnaten]] neamd en bloedsibben oan memmekant [[kognaat|kognaten]]. Yn [[patriargaal|patriargale]] maatskippijen, lykas de Westerske, hearre bern dy't fuortkomme út in houlik tusken âlden út twa ferskillende [[famylje (besibskip)|famyljes]] ornaris ta de famylje fan 'e heit en krije se dy syn [[efternamme]] dan ek. (Mei resinte oanpassings yn it [[houlik]]srjocht is dat yn [[Nederlân]] en guon oare [[lân|lannen]] trouwens net mear folslein fanselssprekkend.) Yn [[matriargaal|matriargale]] kultueren is it krektoarsom, en komme bern ta de famylje fan 'e mem te hearren.
[[Ofbyld:Inupiat Family from Noatak, Alaska, 1929, Edward S. Curtis (restored).jpg|thumb|right|250px|Eskimo famylje]]
'''Besibskip''' of '''sibskip''' is de troch in beskaving erkende [[biology|biologyske]] en somtiden sels net-biologyske relaasje tusken minsken. Besibskip is mear as in netwurk fan [[genetika|genetyske]] relaasjes tusken minsken, it is benammen in [[kultuer]]ferskynsel en gjin biologysk ferskynsel.
 
De [[kulturele antropology]] ferdjippet him yn alle manearen wêryn't sokke famyljeferhâldings har fertaald hawwe yn kultureel bepaalde struktueren. Famyljerelaasjes spylje oeral op 'e wrâld en yn eltse minsklike kultuer in wichtige rol, en folgje oeral beskate [[patroan]]en. De ferskillen yn dy patroanen meitsje út hoe't bygelyks it [[erfrjocht]] en it [[bestjoer]] regele binne en hokfoar [[rjocht]]en en [[plicht]]en oft men foar jins famylje oer hat (bgl. it [[respektearjen]] en/of hearrich wêzen oan 'e âlden of it beskermjen fan [[suster]]s troch harren [[bruorren]]). Ek wurdt sa bepaald wa't al of net mei wa trouwe mei. Yn 'e Westerske maatskippij is it bygelyks [[taboe]] foar [[bruorren]] en [[susters]] om in [[seks|seksuële relaasje]] te ûnderhâlden. Datselde jildt foar de measte minsklike kultueren. Yn 'e Westerske maatskippij is it lykwols wol tastien foar [[neef (famyljelid)|neven]] en [[nicht (famyljelid)|nichten]] om mei-inoar te trouwen, al wurdt faak al wat mei in skean each nei sa'n relaasje sjoen. Yn oare kultueren kin it foar neven en nichten lykwols strang ferbean wêze om te trouwen of krekt folslein tastien, of it kin tastien wêze om mei jins neven en nichten oan heitekant te trouwen, mar net mei dy oan memmekant, of oarsom.
==Algemien==
Elts yndividu is besibbe oan in hiele soad oare yndividuen, mar net al dizze relaasjes wurde ek sosjaal of kultureel erkend. Besibskip is de taal wêryn de struktuer fan de maatskippij beskreaun wurdt. Elke kultuer hat syn eigen manier om besibbe minsken te beneamen. [[Antropology|Antropologen]] hawwe besocht om hjir in systeem yn te krijen. Eltse kultuer past yn dat systeem. (sjoch dêrfoar it artikel oer [[sibskip terminology]])
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Yn guon dielen fan de wrâld binne jo [[famylje]] en of oan elkoar besibbe allinnich troch de heit. Men neamt dat ek wol [[patrilineêr]]. Der binne ek kultueren wêr't minsken famylje en besibbe oan elkoar binne troch de mem, dit neamt men [[matrilineêr]]. Yn [[Jeropa]] liket oft wy allinnich troch de heit famylje fan elkoar binne mar yn it echt hat altyd sprake west fan mingd stelsel.
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Kinship ''References'' en ''Bibliography'', op dizze side].
 
----
Yn de westerske wrâld is besibskip wichtich. Mar dôchs wurdt elts persoan sjoen as in yndividu. It komt selden foar dat jo mei in frjemde prate oer jo eigen famylje. Yn guon kultueren bart dit wol. It earste wat frege wurdt is hoe oft it mei de famylje giet en wat se dogge. Besibskip soarget derfoar dat minsken by in groep hearre. Besibskip soarget foar plichten en foar rjochten. Tink mar oan in heit dy’t it respekt krijt fan de bern. Yn eltse kultuer is dit oars regele.
{{commonscat|Kinship}}
}}
 
{{Berjocht:Besibskip}}
Line 18 ⟶ 19:
[[Kategory:Sosjology]]
[[Kategory:Antropology]]
[[Kategory:Genealogy]]