Ofstamming: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 1:
'''Ofstamming''', of ek wol jins '''komôf''', is de delgeande line fan [[bloedsibskip]] tusken ferskillende [[generaasje]]s. Dit begryp is sawol yn 'e [[biology]] as yn 'e [[antropology]] tige wichtich. Yn 'e [[biology]] berêst de [[evolúsjeteory]] fierhinne op it idee fan mienskiplike ôfstamming. Yn 'e [[antropology]] bepaalt ôfstamming foar in grut part de [[maatskippij|sosjale bân]] dy't tusken [[minske]]n bestiet troch in [[besibskip]]. Hoewol't dy bân, alteast by [[bloedsibskip]], basearre is op [[genetika|genetyske]] [[famylje (besibskip)|famyljerelaasjes]], is it dochs benammen in [[kultuer|kultureel]] ferskynsel, mei't famyljerelaasjes yn ferskillende kultueren ferskillend ynterpretearre en kategorisearre wurde. Nettsjinsteande dat spilet ôfstamming faak in grutte rol by de oerdracht fan [[rjocht]]en, [[plicht]]en en [[funksje]]s.
 
By [[patrilineêre ôfstamming]] kriget men troch ôfstamming it lidmaatskip fan 'e [[man (sekse)|manlike]] ôfstammingsgroep (oftewol de [[famylje (besibskip)|famylje]] fan jins [[heit]]). Dat is bygelyks sa yn Westerske maatskippij, dêr't [[bern (persoan)|bern]] dy't fuortkomme út in [[houlik]] of oare [[seks]]uële [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] ta de famylje fan 'e heit rekkene wurde en dêrom ek dy syn [[efternamme]] krije. (Mei resinte oanpassings yn it [[houlik]]srjocht is dat yn [[Nederlân]] en guon oare [[lân|lannen]] trouwens net mear folslein fanselssprekkend.) By [[matrilineêre ôfstamming]] is it krektoarsom en kriget men troch jins ôfstamming it lidmaatskip fan 'e [[frou]]like ôfstammingsgroep (oftewol de famylje fan jins [[mem]]).