Neiteam: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L + syn
Rigel 1:
'''Neiteam''', '''neigeslacht''', '''neislachte''' of '''kroas''' (bestiet allinnich yn in [[meartal]]sfoarm) wurdt foarme troch persoanen dy't fan jinsels [[ôfstamming|ôfstamje]]. Oare [[synonym|synonimen]] binne '''neikommelingen''', '''ôfstammelingen''' of '''telgen''', wêrfan't ek [[inkeltal]]sfoarmen besteane (neikommeling, ôfstammeling, telch). Ta neiteam hearre jins [[bern (persoan)|bern]], [[pake- of beppesizzers]], [[oerpake- of -beppesizzers]], [[betoerpake- of -beppesizzers]] en sa fierder. In direkte [[man (sekse)|manlike]] neikommeling hjit in [[soan]], en in direkte [[frou]]like neikommeling hjit in [[dochter]]. Yn 'e regel wurdt mei de oantsjutting 'neiteam' lykwols ferwiisd nei in ûnbeskaat tal [[generaasje]]s fan in [[famylje (besibskip)|famylje]] útgeande fan in persoan dy't yn it [[ferline]] libbe hat. Sa heart [[kening]] [[Willem-Alexander fan de Nederlannen|Willem-Alexander]] ([[berne]] [[1967]]) bygelyks ta de neiteam fan [[Willem fan Oranje]] ([[1533]]-[[1584]]).
 
It begryp dat tsjinsteld is oan neiteam is [[foarâlden]]: Willem fan Oranje is ien fan 'e foarâlden fan kening Willem-Alexander. De famyljebân tusken foarâlden en neiteam is altyd lineêr en ferrint dus fan [[pake en beppe]] op [[âlden]] op [[bern (persoan)|bern]] op [[bernsbern]] ensfh. en net fia [[omke]]s en [[muoike]]s of [[neef (famyljelid)|neven]] en [[nicht (famyljelid)|nichten]]. Wol kin dizze bân sawol yn 'e [[man (sekse)|manlike line]] rekkene wurde, dus fia de [[famylje (besibskip)|famylje]] fan 'e [[heit]], wat yn 'e Westerske [[maatskippij]] 'de rjochte line' hjit te wêzen, as yn 'e [[frou|froulike line]], fia de famylje fan 'e [[mem]]. Willem-Alexander stammet bygelyks net yn 'e rjochte line ôf fan Willem fan Oranje, mar fan dy syn jongere [[broer]] [[Jan de Alde fan Nassau-Dillenburg|Jan de Alde]]; Willem-Alexander syn ôfstamming fan Willem fan Oranje rint yn 'e froulike line, fia [[Albertine Agnes fan Oranje-Nassau]], in dochter fan Willem fan Oranje syn [[soan]] [[Freark Hindrik fan Oranje-Nassau|Freark Hindrik]], dy't mei har [[folle neef]] [[Willem Freark fan Nassau-Dietz]] [[troude]], dat wer in [[pakesizzer]] fan Jan de Alde wie.