Wjelsryp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
+foto
Rigel 14:
Oant de [[gemeentlike weryndieling]] yn [[1984]], makke Wjelsryp diel út fan de gemeente [[Hinnaarderadiel]].
== Buorren ==
[[Ofbyld:Hervormde kerk Wjelsryp..jpg|thumb|[[Ursulakerk (Wjelsryp)|Ursulatsjerke]]]]
[[File:Vanuit het Noordwesten zien we het dorp Wjelsryp..jpg|thumb|Wjelsryp]]
De doarpskom leit yn it noarden: de Greate Buorren mei útienrinnende bebouwing fan boarger en arbeiderswenten út foaral de [[19e iuw]]. De strjithoeke oan de Galemawei wurdt markearre troch in moaie, evenwichtige notabele wenning. Oan de oare kant lizze bûten de doarpskom twa kop-romppleatsen dy’t beide in wyt ferve foarein ha. Súdlik leit de frij hege, keale terp mei dêr njonken de grutte pastorije, in karakteristike notabele wenning út [[1877]] op in fjouwerkante plattegrûn mei útboude middenpartij. Dêrop folget de Lytse Buorren mei net allinne wenten út de 19e iuw, mar yn súdlike rjochting ek jongere huzen, sels oant folkshúsfesting fan nei de oarloch ta. De skoalle út [[1921]] stiet op’ e hoeke mei de Galemawei mei dêr tsjinoer frijsteande gebouwen mei ûnder mear in [[stjelp]]pleats en in grutte notabele wente, dy’t lykas de pastorije in fjouwerkant grûnplan hat.