Geslachtsripens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L dúdliker
Rigel 3:
It ferskynsel geslachtsripens komt fuort út it feit dat de measte [[mearselligen|mearsellige]] [[organisme]]n by harren [[berte]] of ûntstean noch net by steat binne om har [[geslachtlike fuortplanting|geslachtlik fuort te plantsjen]]. Ofhinklik fan 'e [[soarte]] kin it [[dei|dagen]], [[wike]]n, [[moanne (tiid)|moannen]] of [[jier]]ren duorje ear't harren [[lichem]]s har safier ûntjûn hawwe dat soks troch [[hormoan|hormonale]] feroarings wol mooglik wurdt. Ornaris kin men dêrby de stelregel oanhâlde dat wat grutter it bist, wat langer oft it duorret foar't de geslachtsripens berikt is. Soms kinne it ek útwindige omstannichheden wêze, lykas [[drûchte]], dy't foar it [[lichem]] in teken binne dat it tiid is om geslachtsryp te wurden en dêr sadwaande yndirekt de oarsaak fan binne.
 
De ynwindige hormonale feroarings dy't de direkte oarsaak fan it berikken fan geslachtsripens binne, hâlde yn 'e regel ferbân mei de ûntjouwing fan [[sekundêre geslachtsskaaimerken]]. By de minske kin men yn dat ramt tinke oan (by jonges) in gruttere lichemslingte, sichtberder [[spier]]en, gruttere [[hier (begroeiïng)|hiergroei]] oer frijwol it hiele lichem, it groeien fan [[burd]] en [[snor]] en in leechtoaniger [[stim]], of (by famkes) it har ûntjaan fan [[boarsten]], in koartere lichemslingte (as by jonges), rûnere foarmen en dêrtroch minder sichtbere [[spier]]en, folle minder [[lichemshier]] en in heechtoaniger [[stim]]. Sokke ferskynsels dy't in uterlik ûnderskie tusken de [[manlik]]e en de [[froulik]]e foarm fan deselde [[biology]]ske [[soarte]] meitsje, kinne beflapt wurde ûnder de term [[seksuële dimorfy]].
 
Nei't it stadium fan geslachtsripens berikt is, is it foar organismen fan beskate soarten mooglik om [[ûnfruchtberens|ûnfruchtber]] te wurden of sels om fan [[geslacht (sekse)|geslacht]] te feroarjen. Fierders binne guon organismen [[hermafrodyt|hermafroditen]] en kinne (mar hoege net) [[geslacht (sekse)|geslachtsskaaimerken]] fan beide geslachten te kombinearjen. Ek is it mooglik, nettsjinsteande de sterke bân tusken geslachtsripens en lichaamlike ûntwikkeling, dat guon organismen alle uterlike skaaimerken fan in [[folwoeksen]] eksimplaar fan harren soarte al fertoane sûnder geslachtsryp te wêzen, of oarsom, dat guon organismen noch net of net alle uterlike skaaimerken fan in folwoeksen eksimplaar fan harren soarte fertoane wylst se al wol geslachtsryp binne. Dit lêste ferskynsel, wêrby't de seksuële ûntjouwing hurder giet as de lichaamlike ûntwikkeling, wurdt [[progeneze]] neamd. In ferskynsel mei itselde resultaat is [[neoteny]], wêrby't de lichaamlike ûntwikkeling fertrage en dêrtroch ynhelle wurdt troch de seksuële ûntjouwing.