Organisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L red
 
Rigel 1:
[[File:EscherichiaColi NIAID.jpg|right|thumb|180px|De ''[[Escherichia coli]]'', in [[prokaryoaten|prokaryoatysk]] [[mikro-organisme]].]]
In '''organisme''', fan it [[Gryksk]]e ὀργανισμός, ''organismos'' (fan ὄργανον, ''organon'', "ynstrumint" of "ark"), is yn 'e [[biology]] in [[libben|libben wêzen]] mei in eigen [[stofwikseling]]. In minder [[wittenskip]]lik [[synonym]] foar 'organisme' is '''wêzen'''. Yn 'e [[taksonomy]] wurde organismen tsjintwurdich ferdield yn twa soarten: de [[prokaryoaten]] (''Prokaryota'') en de [[eukaryoaten]] (''Eukaryota''). De prokaryoaten wurde fertsjintwurdige troch twa ûnderskate [[domein (taksonomy)|domeinen]]: de [[baktearjes]] (''Bacteria'') en de [[oerbaktearjes]] (''Archaea''). De eukaryoaten foarmje ien domein, dat fierder opdield wurde kin yn in stikmannich [[ryk (taksonomy)|riken]], wêrfan't dy fan 'e [[dieren]] (''Animalia''), de [[planten]] (''Plantae''), de [[skimmels]] (''Fungi'') en de [[protisten]] (''Protista'') de grutsten en wichtichsten binne. [[Firus (biology)|Firussen]] en [[prion|prioanen]] wurde yn 'e regel net as organismen beskôge.
 
Alle bekende foarmen fan organismen binne by steat om yn in beskate mjitte te reägearjen op prikels, har [[fuortplanting|fuort te plantsjen]], te groeien en har te ûntwikkeljen en harsels te regulearjen. In organisme kin in [[ienselligen|iensellige]] wêze (dus út ien inkele [[sel (biology)|sel]] bestean), mar it kin ek, lykas dat by de [[minske]] it gefal is, út biljoenen en nochris biljoenen ferskillende sellen bestean, dy't groepearre binne om spesjalisearre [[weefsel (biology)|weefsels]] en [[orgaan (lichemsdiel)|organen]] te foarmjen. Mei de term [[mearselligen]] wurde alle organismen oantsjutten dy't út mear as ien sel besteane.
Rigel 11:
[[Kategory:Biology]]
[[Kategory:Libben]]
[[Kategory:Lienwurd út it Gryksk]]